Deaden troch orkaan Noru yn Filipinen

septimber 26, 2022 09:26

Yn ’e Filipinen binne yn elts gefal fiif deaden fallen troch orkaan Noru, dy’t snein oan lân kaam. Rêdingswurkers kamen om yn de provinsje Bulacan, dêr’t de orkaan foar oerstreamingen soarge. Presidint Marcos hat oproppen om fia de loft needhelp en ark foar it opromjen nei de troffen gebieten te stjoeren.

Foto: pixabay.com

Oant no ta binne yn elts gefeal 74.000 minsken evakuearre. De skoallen op it haadeilân Luzon binne moandei ticht en amtners meie ek thús bliuwe. Fierder hat de oandielebeurs de hannel in dei opskood. Op Luzon wennet likernôch de helte fan de 110 miljoen Filipinen. It eilân is goed foar mear as twa tredde fan de folsleine ekonomy fan it lân. It wie net ferwachte dat Noru in orkaan wurde soe. De autoriteiten wiene ferrast en moasten dêrtroch yn in heale dei in folsleine krisisoperaasje opsette. Noru, in orkaan fan de tredde kategoary kaam juster oan lân mei wynfaasjes oant 185 kilometer yn ’e oere, mei útsjitters oant 240 kilomter yn ’e oere. De orkaan ferlear wat krêft doe’t er oan lân kaam, mar hat dochs ta grutte skea laat.

Sa’n 2,5 miljoen minsken yn de provinsjes Nueva Ecija en Aurora sitte troch it natuergeweld sûnder stroom. De minster fan Enerzjy hat ûnthjitten om generatoaren nei de troffen gebieten te stjoeren. Troch de orkaan kamen diken splis te stean en rûnen huzen skea op. Foarearst binne de diken wol begeanber en binne der gjin ierdferskowingen meld, seit de gûverneur fan de provinsje Bulacan op ’e lokale radio. De autoriteiten binne hjir en dêr al mei opromwurk úteinset.

De Filipinen bestiet út mear as 7600 eilannen. It lân hat alle jierren mei yn trochsneed tweintich tropyske stoarmen te krijen. Yn 2013 raasde de orkaan Haiyan oer de eilannegroep. Dat wie ien fan de swierste stoarmen ea. Sa’n 6300 minsken kamen doe om it libben.

septimber 26, 2022 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.