Deaden en tsientallen ferwûne minsken by fjoerwurkûngelok yn Meksiko

septimber 12, 2022 10:15

Yn ’e Meksikaanske stêd Santiago Tianguistenco is in deade fallen by in ûngelok mei fjoerwurk by in lyts festival. Fjirtich oaren rekken ferwûne doe’t in stik fjoerwurk ûntplofte. Yn elts gefal fiif fan harren binne der neffens de lokale autoriteiten min oan ta.

Foto: pixabay.com

Neffens parseburo AP giet it faaks om in saneamde ‘torito’, in ramt yn ’e foarm fan in bolle mei fjoerwurk derop. Dy soe by fersin oar fjoerwurk oanstutsen hawwe, wat ta de krêftige eksploazje late. De torito is yn Meksiko tige populêr. Yn Tultepec, dat krekt as Santiago Tianguistenco deunby Meksiko-Stêd leit, is alle jierren in fjoerwurkfestival. Dêr is de ‘torito-parade’ it wichtichste ûnderdiel fan.

Yn Santiago Tainguistenco wiene in protte minsken foar in jierliks feest ta eare fan de patroanhillige fan de stêd. It plak leit op inkelde tsientallen kilometers súdwesten fan Meksiko-Stêd.

Besjoch in filmke dat op sosjale media dield wurdt:

septimber 12, 2022 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.