De takomst fan de lânbou yn de Fryslannen

septimber 25, 2022 09:19

Skôging troch Pieter van der Valk*

Pieter van der Valk.
(Foto © MAKE photography / Marijke van Dekken)

De urginsje om oplossingen te finen yn de lânbou wurdt hieltyd grutter. Stikstof, bioferskaat, produksje fan iten en sûnens binne gjin lossteande problemen. De opjeften en útdagingen geane de hiele maatskippij oan. De oplossing kinne wy dan ek allinnich mar fine yn in bredere maatskiplike kontekst.

Lânbou is oangeande in soad opjeften miskien wol de kanarje yn ’e myn. It is de earste sektor dy’t de gefolgen ûnderfynt fan klimaatferoaring, grûnstofkrapte, natuerbehâld en de oersetting nei ús ekonomyske systeem. It ôfrûne jier hat ús leard hoe kwetsber oft wy binne yn Nederlân wannear’t it giet om ûnferwachts ûnfoarsjoene ûntwikkelings dy’t har wjerslach op wissichheden, hannel en feilichheid hawwe. Wy ûnderfine de spanning fan it faai stean fan wissichheid fan iten en de gefolgen fan ús ôfhinklikheid fan fossile brânstoffen en dongstoffen.

Lânbou spilet yn dy opjeften in krúsjale rol. As wy dêr yntegraal nei sjogge, kinne wy konkludearje dat it yn de kearn giet oer it sunich en tige effisjint omgean mei nutriïnten en natuerlike reststreamen. Dêrmei komme wy yn al ús kennis en al ús spesifike kunde mei de fuotten op ’e grûn werom. De boaiem leveret de kaai om ta yntegrale oplossingen te kommen. De boaiem is as iennichste yn steat om weardefolle reststreamen om te setten yn mineralen en dy oan in nije grûnstof te jaan, dy’t groeit op basis fan iten, koalstofdiokside en sinneljocht. Troch op it nivo fan de hiele maatskippij natuerlike sirkelgongen te sluten, wurde ferliezen beheind, dêr’t der minder keunstmjittige mineralen en nutriïnten troch oan it systeem tafoege hoege te wurden.

As wy dat goed oplosse, betsjut it winst foar de mienskip en in unike proposysje foar de boeren. En ek in nij ferbûn tusken stêd en plattelân, dêr’t de lânbou net inkeld en allinne iten by produsearret, mar ek soarget foar in optimale sirkulêre benutting fan nutriïnten. Wy hawwe santich jier wurke oan in lânbou dy’t baanbrekkend west hat.

Lit ús dat de kommende santich jier wer dwaan yn in yntegrale kontekst. Krekt foar Fryslân leit hjir in útsochte kâns. In provinsje mei in stevige fertsjintwurdiging fan lânbou, wat in wichtich part útmakket fan syn ekonomy, is it krekt foar Fryslân wichtich om dy proposysje op te easkjen en te realisearjen.

Personalia
Pieter van der Valk operearret yn it deistich libben letterlik op it snijflak tusken ûndersyk en de praktyk. Hy is programmamanager sirkulariteit Noard-Nederlân by Wageningen Livestock Research. Dêrneist hat er in melkfeebedriuw yn Ferwâlde. Dat jout him in goed oersjoch fan de wittenskiplike ûntjouwingen, mar ek fan wat der nedich foar is om dat tapasber te meitsjen foar de praktyk. Koartlyn rjochte Van der Valk de grûnkoöperaasje Rijkdom op, dy’t boeren by steat stelt om ekstinsivere lânbou te bedriuwen, kompensearre troch middel fan it ekologysk opwurdearjen fan de grûn.

* Gearfetting fan in lêzing dy’t jûn is by it Ynterfrysk Kongres op 17 septimber yn Dokkum.
Sjoch De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen | It Nijs

septimber 25, 2022 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.