De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen

septimber 22, 2022 13:58

Op 17 septimber is it Ynterfrysk Kongres 2022 holden. Dat wurdt om de trije jier troch ien fan de oansletten organisaasjes fan de Ynterfryske Ried organisearre. Nei twa kear yn Dutslân (Noard-Fryslân en East-Fryslân) wie no Westerlauwersk Fryslân oan bar. It kongres wie yn de IIsherberch yn Dokkum. 

IIsherberch Dokkum. Foto Arjen Dykstra

It tema fan it sympoasium wie De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne. Oan ’e hân fan in stikmannich presintaasjes oer midsiuwske Friezen, it buorkjen yn de takomst, nije foarmen fan it winnen fan enerzjy, toerisme, ynterfryske kontakten en brede wolfeart yn Fryslân kaam de ferbining tusken de regio’s yn it Waadgebiet ûnderling, mar ek tusken hjoed-de-dei en earder tiden goed nei foaren.

Han Nijdam en Nelleke IJsenagger fan de Fryske Akademy setten útein mei in ferhaal oer Friezen yn de iere midsiuwen. In ferhaal oer ferskillende foarmen fan kapitaal: sosjaal kapitaal, kultureel kapitaal en besit. En oer hoe’t de iene foarm fan kapitaal yn de oare omset wurde koe. Der leit in ferbjusterjende ferbining tusken de mienskip fan Friezen yn de midsiuwen en dy fan hjoed-de-dei.

Pieter van der Valk fan Universiteit Wageningen liet sjen dat de omrinlânbou allinnich mooglik is as de sirkel hielendal sletten wurdt. Dat giet fierder as dat feeboeren de dong by bouboeren ôfsette. De konsumint moat ek wat weromleverje. Van der Valk fertelde dat Friezen santich jier wurke hawwe oan in lânbou dy’t baanbrekkend west hat. Hy daget de Friezen út om dat de kommende santich jier wer te dwaan, en dan yn in yntegrale kontekst. Fryslân moat de preposysje opeaskje en in moai program foar it opdwaan fan kennis oer de omrinlânbou opsette. Se foldogge oan alle rânebetingsten. Enerzjy kinne wysels ek winne. Ynze Salverda fertelde oer it geotermyprojekt yn Boalsert en omkriten. Martin Cnossen liet sjen dat it toerisme yn Fryslân en de fierdere Waadregio al foar de koroanakrisis oanwoeks. Dat leit foar in belangryk part oan de eigenheid fan regio en bewenners. Otto Knottnerus ferhelle oer de ynterfryske kontakten yn it ferline, mar wiisde derop om foaral nei de takomst te sjen as it om it fuortbestean fan dy kontakten giet.

Teake Tuinstra en Jacqueline Hofstede fertelden in ferhaal oer brede wolfeart yn Fryslân as wiere winst. Ekonomy is rjocht op winst en groei, mar dat komt faak yn konflikt mei oare wearden lykas duorsumens, solidariteit, gelikense kânsen en behanneling en rjochtfeardichheid. Der soe by ferslachjouwing oer bedriuwen net allinnich nei it finansjele aspekt sjoen wurde moatte, mar foaral ek nei dy oare wearden. Nettsjinsteande de lege skoares op ekonomyske yndikatoaren skoart Fryslân heech mei tal fan yndikatoaren op it mêd fan wolwêzen. It Frysk Sosjaal Planburo neamt dat de Fryske paradoks. It finansjeel minder hawwe, mar dochs gelokkiger wêze. Fryslân soe dêrom in moai poadium wêze om inisjativen oangeande it neistribjen fan brede wolfeart fierder ynternasjonaal te etalearjen en yn ’e mande mei partnerregio’s yn binnen- en bûtenlân út te bouwen.

Bonifatiuskapel Dokkum. Foto Arjen Dykstra

Geandewei waard by it sympoasium dúdlik dat de Waadregio noch hieltyd beskikking hat oer eigen foarmen fan kapitaal dy’t der yn de iere midsiuwen ek al wiene. Friezen soene dat kapitaal brûke kinne om in foarbyld te wêzen foar de rest fan de wrâld by de transysje nei in nij tiidrek!

Nei it sympoasium waard in besite oan de Bonifatiuskapel brocht. Dêr waard in ynter-Fryske tsjerketsjinst holden.

De kongresútjefte is te finen op https://fryskerie.frl/?p=1349

Ferslach: Arjen Dykstra

septimber 22, 2022 13:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.