Briefkje oer taal (32)

septimber 27, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch Briefkje oer taal (31) | It Nijs)

Bêste Jan,

om taalstruktueren begripe te kinnen, helpt it o sa as der dúdlike regels binne. De systematyk by it meartal fan wurden op -or is dus net sa dúdlik; de iene kear -ors en de oare kear -oaren. It soe dochs it ienfâldichst wêze en meitsje in (Fryske) kar, en dan sa dat der sa min mooglik útsûnderings binne.
En dan moatte hânwurdboek en foarkarswurdlist ek noch opinoar ôfstimd wurde, fansels.

Tiidwurden is altyd wat mei te rêden en do joust dêr in moai foarbyld fan, in sintsje dat streekrjocht út it Hollânsk oerset is: “Wannear hiene jo it hân wolle ha?” De folchoarderflater hoech ik dy net út te lizzen, mar om’t oaren meilêze, wol ik it dochs efkes taljochtsje. Dat der hiene jo stiet hâldt yn dat der in mulwurd folgje moat, want hiene is hjir in helptiidwurd fan tiid. Dat mulwurd is wollen (jo hiene eat wollen) en dat komt efteroan. De ynhâld fan dat wollen*) (dy winsk) is hân hawwe en dy komt krekt foar it mulwurd. Hawwe is dêryn in ynfinityf en dêrom brûk ik leaver net ha. Dat fyn ik mar in brike ferkoarting. Hân hat hjir de betsjutting fan krige, ûntfongen, besoarge. Om’t hân in foarm is fan dat selde tiidwurd hawwe, is de sin better te begripen as hân foar it gemak efkes ferfongen wurdt troch in wurdsje as thús of teplak. “Wannear hiene jo it thús/teplak hawwe wollen?”

*) Hjir is wollen net it mulwurd, mar in as haadwurd brûkt tiidwurd (it wollen is in winsk).

Der is oars noch wat te rêden mei hiene. It betsjut nammentlik soe hawwe, in hypotetyske mooglikheid, en yn dyn brief doelsto dêr ek op. Hiel aardich beskreaun, Jan.
Efkes in oar foarbyld: Ik bin kommen is folsleine notiid (ik ben gekomen). Yn de folsleine doetiid wurdt dat ik wie kommen (ik was gekomen). Mar ik hie kommen kin ek, mar dat betsjut dan ik soe kommen wêze. Sinnen mei soe/soene wurde ús gauris te yngewikkeld. De doetiid fan it helptiidwurd hawwe kin dus soe/soene yn opsletten sitte.
Hie ik it witten, dan hie ik net kommen.” Dêr sit ek dy hypotetyske mooglikheid yn: “As ik it witten hawwe soe, dan soe ik net kommen wêze.” Mar sa prate wy ornaris net.

It mulwurd hân kriget wolris de betsjutting krige (ik haw in kadoke hân). Dat komt my lykwols wat nuver oan, al soe dat bêst ris Fryske ynfloed wêze kinne. It komt yn it Hollânsk ek foar en miskien soe it wolris út dy taal nei it Frysk oerwaaid wêze kinne. Myn Hollânsktalige famylje soe my bygelyks freegje kinne: “Wat heb je op je verjaardag gehad?” Dy fraach, mei dat mulwurd, moat ik dan efkes yn my omgean litte en dan fertel ik wat ik krige haw.

Ta beslút noch oer it mulwurd krige. Dat kin ek mei in n oan ’e ein (krije, kriich, krigen). Dat kin in sterk tiidwurd neamd wurde (lûdferoaring yn ’e doetiid en in mulwurd op -en). Ik kies lykwols foar de foarm krige sûnder n, omdat krije in je-tiidwurd is. Sjoch mar nei de ferbûging fan de twadde en tredde persoan yn de notiid en nei de doetiid. Dêr heart foar my in mulwurd op -e by. Sa kom ik ta myn foarkar.

Mei foarkarsgroetnisse,

Ed

septimber 27, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.