Briefkje oer taal (31)

septimber 20, 2022 08:09

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch Briefkje oer taal (30) | It Nijs)

Bêste Ed,

Dyn foarige brief hat reaksjes fan in pear promininte taal- en literatuerkenners útlokke. Dy steane op in aparte side, ‘Henk Wolf – Noarm en ynterferinsje’. Om it oersichtlik te hâlden gean ik dêr yn dizze rige net op yn.

Ik gean wol op dyn lêste alinea yn. Ik hie it wurd presintatoaren skreaun. Do fregest oft presintators net Frysker west hie. Ja, beynfloede troch de dominante Hollânske meartalsfoarm, haw ik sûnder erch de foarm brûkt dy’t yn de foarkarswurdlist (fkwl) as twadde neamd wurdt. De earste is presintators; dy hat dus de foarkar. Moai datst my dêr mei in fraach op wiisd hast.

Der binne sa’n 140 (lien)wurden dy’t op -or einigje. Dy hawwe hast allegearre twa meartalsfoarms, de iene mei ‘-s’ en de oare mei ‘-oaren’. Ofgeande op de fkwl hat by de helte dêrfan de s-meartalsfoarm de foarkar en by de oare helte dy mei ‘-oaren’. Ik kin der net in systeem yn fine dat it my maklik makket om te ûnthâlden watfoar soarte fan wurden de ‘-s’ as foarkar hat en watfoar soarte ‘-oaren’. De foarkarren binne, mien ik te witten, fêststeld op basis fan tellingen yn it digitaal bewarre Frysk, de skriuwtaal dus. Dêrút is tink ik te ferklearjen wêrom’t it faktors is en de gearstallingen bloed-, ferlytsings-, priis– en produksjefaktoaren binne. Wa’t neffens de fkwl skriuwe wol kin it mar it bêste dêryn opsykje, ek al omdat mei it boppesteande alles der noch net oer sein is. It meartal fan junior bygelyks is junioaren, mei as twadde kar junioares. In apart gefal is fansels dokter (= húsdokter mei it meartal dokters) en doktor (= akademyske graad mei it meartal doktoaren). Yn it algemien kin sein wurde dat yn it Frysk Hânwurdboek (2008) wolris in oare foarkar neamd as yn de fkwl (2015 en letter), dat we kinne derfan útgean dat de lêste it by de rjochte ein hat.
Ik bin hjir wat wiidweidich op yngien, omdat ik wit dat guon dy’t ús korrespodinsje folgje dat op priis stelle. Dy wolle graach witte hoe’t it krekt sit.

Yn myn foarige brief murk ik op dat der oer de tiidwurden noch wol wat mear te besprekken wie. De ferkearde folchoarder fan tiidwurden yn bysinnen is in bekend ûnderwerp, dat lit ik no mar rêste, mar koartlyn krige ik in fraach, net óér, mar méí tiidwurden. Ik bestelde wat en doe waard my frege “Wannear hiene jo it hân wolle ha?” Dat is sa’n fraach dy’t ik yn it Hollânsk wol faker hear: wanneer had u het gehad willen hebben? Soks ûntkomt flotte praters dy’t leaver te folle as te min wurden brûke. ‘Wannear wolle jo it hawwe’, dêr hie it mei takinnen. Wat sis ik? Mei mear wurden is it ferkeard! Sa’t my de fraach steld waard, gie der de suggestje fan út dat it neipraten wie oer in bestelling dy’t hielendal net te leverjen wie. Sa fan, as we it wol leverje kinnen hiene, wannear hiene jo it dan hawwe wollen?

Dat foarbyld wie myn opstapke nei in algemien foarkommende flater, dy’t ik sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk te faak tsjinkom: it brûken fan te folle (tiid)wurden yn ien sin. In foarbyld: ‘De boer joech him tastimming om dêr aaisykje te meien.’ Dy sin doocht net omdat ‘tastimming’ en ‘meie’ dûbeldop is. Goed binne: ‘De boer joech him tastimming om dêr te aaisykjen’ en ‘Fan de boer mocht er dêr aaisykje.’ Yn alderhande farianten dûkt dy ferkearde konstruksje op: ‘Breid en brêgeman, ik freegje jimme om oerein komme te wollen.’ Nee, der wurdt harren net frege om it te wollen, mar om it te dwaan! ‘Breid en brêgeman, kom no oerein!’

Ik kom ek wol opsteapelingen fan tiidwurden tsjin dy’t net ferkeard, mar ek net nedich binne. It giet dan om helptiidwurden dy’t ik, foar it maklik lêzen fan in tekst, leaver skras. Foar dy, Ed, is dit net nij, mar de meilêzers hawwe der faaks wat oan.

Mei freonlike groetnis,

Jan Breimer

septimber 20, 2022 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.