Briefkje oer taal (30)

septimber 13, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch Briefkje oer taal (29) | It Nijs)

Bêste Jan,

diskear wol ik stap foar stap op dyn brief fan ferline wike reagearje. Yn de foarste alinea makkest ûnderskied tusken minsken dy’t yn it Frysk grutbrocht binne en minsken dy’t letter mei de taal yn ’e kunde kommen binne. Hoe dreech is it foar dy twa groepen om út te meitsjen by hokker kategory oft in tiidwurd heart? Wat de ien op gefoel docht, soe de oar op de ien of oare wize witte, oanleare of opsykje moatte. By twivel sykje ik withoefaak dingen op; in better advys haw ik net, mar wol in nuânsearring. Dejinge dy’t it Frysk as twadde taal oanleard hat, wit gauris mear fan grammatikale struktueren as de Fryskprater fan hûs út, dy’t gewoanwei praat sa’t er it om him hinne heart en/of sa’t er it wend is. It (memme)taalûnderwiis stiet yn Fryslân net op in heech peil, dat men kin jin ôffreegje oft learlingen wol weet hawwe fan tiidwurden op -e, op -je en inkelde op in n. De twadde-taallearders hawwe gauris in foarsprong op de memmetaalsprekkers as it giet om bygelyks ferbûgings fan tiidwurden. Fansels is it learen fan taalregels in kwestje fan teory en bliuwt it tapassen derfan hiel dreech. It taalgefoel fan de memmetaalsprekker kin de ‘nije’ Fryskprater net ynhelje, mar datselde taalgefoel wurdt ek wol op ’e doele brocht. Troch taalkontakt wurde dingen út in oare taal (hjir foar ’t meast it Hollânsk) oernommen en dat laat ta flaters. Dy wurde benammen ferspraat troch harren dy’t fan hûs út Frysk prate en net trochhawwe dat it ynterferinsjes binne. Sa soe ik it probleem fan ferlinge of ferlingd ferklearje en grif is it mei stean en stien net oars.

En sa bin ik by de twadde alinea fan dyn brief kommen. Ik leau net dat it ie-(twa)lûd ferkeard skreaun wurdt (as ea), mar dat de ea fan de ynfinityf (Holl. aa) oergiet op it mulwurd, sa’t dat yn it Hollânsk ek it gefal is (staan/gestaan). Yn dy taal hawwe sawol ynfinityf as mulwurd in lange aa. De lykfoarmigens fan ynfinityf en mulwurd laat yn it Frysk ek ta flaters by it tiidwurd ferjitte. Yn it Hollânsk binne ynfinityf en mulwurd gelyk en dat wurdt faak oerbrocht op it Frysk. It Fryske mulwurd fergetten wurdt dan feroare yn ferjitten. Dat liket wol typysk Frysk, mar it doocht net. De ferbûging is ommers ferjittefergeatfergetten.
Dat de wiksel fan ie en ea yn it mulwurd gien (gean is de ynfinityf) net sa faak foarkomt as yn stien/stean soe wol sa wêze kinne, mar dat is faaks ek tafallich. It gefaar, it ynterferinsjespûk, is by beide tiidwurden itselde. Yn de term ‘begane grond’ stiet in mulwurd (de grûn dy’t ‘begien’ wurdt) en wurdt fakentiids ferfryske ta ‘begeane grûn’. Dat moat fansels ‘begiene grûn’ wêze.

Ynterferinsjes út it Hollânsk sjoch ik dus as in grutte oarsaak fan taalbedjer. Yn alinea trije neamsto dêr in stikmannich foarbylden fan. Streekrjocht út it Hollânsk oernommen klisjees. Dat it klisjees binne, mei hinnebruie, it Frysk hat ek sa syn klisjees, mar wa’t wat liene wol moat it wol neffens de grammatikale regels dwaan.

Ta beslút, Jan, noch wat oars dat my yn dy lêste alinea opfoel: it wurd presintatoaren. Ik hie it al in kearmannich sûnder euvelmoed lêzen, doe’t der yn myn taalgefoel wat stûke. Och hea, alwer Hollânske ynfloed?  In oare foarm soe wêze presintators, net om’t it better is, mar foar myn gefoel wol Frysker. Der binne motors en motoaren, professors en professoaren, donors en donoaren ensfh. En ik soe learaars en leararen der ek ta rekkenje wolle. It wurdboek en Frysker jouwe hieltyd beide mooglikheden, mar is der dan gjin Fryske foarkar?

Mei ynterferinsjefrije groetnisse,

Ed

septimber 13, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.