Briefkje oer taal (29)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch Briefkje oer taal (28) | It Nijs)
Bêste Ed,
Wat langer wat mear fernim ik dat minsken har gjin ried witte mei tiidwurden. Is it ‘Wy ferlinge óf wy ferlingje de ynskriuwtermyn’ en is it ‘De termyn is ferlingd óf ferlinge’? De twadde foarm is yn beide gefallen goed, mar krekt trochdat yn it twadde foarbyld ferlinge goed is, kinne minsken yn ’e war reitsje en brûke se dy foarm yn de earste sin ek. En dat is dan net goed. Yn it Frysk hawwe wy twa grutte groepen tiidwurden: yn de iene groep einiget de ynfinityf (of it hiele tiidwurd) op -e en yn de oare op -je. En dan is der noch in lytsere groep fan tiidwurden dy’t op -n einigje. Foar minsken dy’t yn it Frysk grutbrocht binne is it meastal in kwestje fan oanfielen, mar foar wa’t letter mei it Frysk yn ’e kunde kommen is, is it dreger om te witten te kommen by hokker groep in tiidwurd heart. Gelokkich is it (digitaal) maklik op te sykjen yn in wurdboek of yn de foarkarswurdlist op Frysker. Of hasto in better advys, Ed?
Mar der binne mear swierrichheden mei tiidwurden. Hoe wurde se ferbûgd? In opfallende flater stiet yn dizze sin: ‘Ik hie him net ferstean.’ Dat hie ferstien wêze moatten. Dat fersin, dat it ie-lûd mei in ea skreaun wurdt, bin ik by mear tiidwurden dy’t op -stean einigje tsjinkommen (bestean, oanstean), dat ik tink dat it net om in tafallige skriuwflater giet. Soene deselden dy’t soks skriuwe dat ek sa útsprekke? Hasto dêr in ferklearring foar? By tiidwurden op ‑gean (fergean, tsjingean) bin ik dy flater nea tsjinkommen. Is is mar ien fan de flaters dy’t mei ferbûgingen makke wurde. It is moai en maklik dat de foarkarslist by de tiidwurden no alle ferbûgingen jout, net allinne yn no- en doe-tiid en de mulwurden, mar ek fan de earste, twadde en tredde persoan yn inkeld- en meartal. Dat oangeande hoege der gjin flaters mear makke te wurden.
Presintatoaren by de lanlike omroppen hearre we as ôfsluting fan in ynterview gauris sizzen: “We gaan het zien.” Yn it Frysk bauwe guon dat nei: “Wy gean it sjen.” Dy ferjitte (of witte net) dat soks net kin. Yn deselde situaasje sizze wy: “Wy binne benijd” of “Wy wachtsje it ôf.” As it om wat minder nijsgjirrichs giet of as we wat skeptysk binne, uterje we dat troch “Wy sjogge (it) wol.” Sa ek mei “Wij blijven het volgen.” Dat kinne we ek net letterlik oersette. Ik wit net hoe’tsto it sizze soest, Ed, mar ik tink dat “Wy hâlde it yn ’e gaten” gâns better heart. Ik lies oer ien dy’t mei pensjoen gie: ‘(…) hy bliuwt dêr wol wurkjen, mar dan as frijwilliger.’ Spitich, net fan dy man, mar fan de skriuwer, dy’t sa’n ynterferinsje út de pinne komt. Better hie west: ‘hy wurket dêr troch, mar dan as frijwilliger’ of ‘hy sil dêr as frijwilliger trochwurkje.’
Ik haw mear stereotype flaters mei tiidwurden sammele, mar dêr kom ik letter wolris mei.
Mei freonlike groetnis,
Jan
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje