Bouwe de Boer: De woartel fan de Bosk
Resint ferskynd
Kollum
As les út oare Kulturele Haadstêden fan Europa die Fryslân yn 2018 in tûke set. Om it ‘mienskipsgefoel’ fêst te hâlden waard besletten om dêr, ûnder de namme Arcadia, om de trije jier in ferfolch oan te jaan. Op Wikipedia wurdt oer Arcadia sein dat it in utopysk lân is fol mei blommen, fruit en bosken, helder wetter en sjongende fûgels en dat it dêr altyd simmer is.
Dat is dus de rûte dy’t Arcadia foarstiet: in provinsje dy’t de wei siket en fynt nei dat ideaal. It om de trije jier ynsetten fan keunst lykas muzyk en teäter is dêr de basis by. Sa ûnstie yn it brein fan Joop Mulder en Bruno Doedens al yn 2018 it plan fan Bosk.
Fan maaie oant heal augustus fan dit jier stiene der yn Ljouwert ynienen hûndert dagen lang tûzen beammen. Wike nei wike fersetten tûzenen frijwilligers dy beammen troch de stêd hinne. De bedoeling fan Mulder/Doedens kaam goed oer: Fryslân en Nederlân sjen litte dat der in protte kin as de wil der echt is, sa fan ‘as beammen kuierje kinne, kinne wy feroarje’. Oare stêden kamen op besite, de ynternasjonale parse skreau der siden oer fol. Soks kin allinne mar yn Fryslân, dêr wiene se it mei-inoar wol oer iens.
As dat wier is, jout it ekstra glâns oan it Bosk-projekt. In protte ynwenners fan de stêd fregen har ôf wêrom’t de beammen net by harren yn de wyk kamen, of wêrom’t se net gewoan stean bliuwe koene.
Rop om grien

Foto © Freonen fan FossylFrij Fryslân
No is de rop fan de ynwenners fan de stêd om folle mear grien yn de stêd folle lûder wurden, sa lûd dat de Ljouwerter politisy besletten hawwe om alle jierren mear as in heal miljoen euro foar mear beammen yn de gemeente út te lûken. In dryst projekt hat dus in ferfolch krige troch syn ferbyldingskrêft. It klimaatprobleem is dermei tsjinne, en dat de stêd koeler wurdt is te fielen. Miskien dat de bou profitearje kin fan lokaal kweekt hout. Op plakken wolle feehâlderijen no beammen yn it lân, sadat de bisten yn it skaad lizze kinne, mar ek foar lokale fruitproduksje. Dêrmei hat Bosk him djip yn de Fryske ierde woartele. De stap op wei nei blommen, fruit en bosken, helder wetter, fûgelsang en in ivige simmmer is flink ynset.
PS: fan 20 augustus ôf binne 75 beammen fan Bosk seis wike lang yn Akkrum te bewûnderjen, mei stipe fan gemeente It Hearrenfean.
Opmerkingen: bouwe@freonen.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje