Boeren mei trekkers yn De Haach
Resint ferskynd

Foto: pixabay.com
De plysje yn De Haach hat trekkers yn beslach nommen. Yn ’e stêd jildt mei Prinskesdei in needbefel, mar in stikmannich boeren hold him dêr net oan en besocht mei trekkers it sintrum yn te riden. Hja protestearje tsjin de stikstofplannen fan it kabinet.
Mei’t der al berjochten wiene dat boeren hjoed op Prinskesdei de iepenbiere oarder en feiligens yn De Haach fersteure woene. waard it needbefel ôfkundige. Der jilde hjoed al ferskate ekstra feilichheidsmaatregels yn ’e stêd no’t der wer publyk wolkom is by Prinskesdei. Dat wie de foarige edysjes net tastien fanwege de koroanaregels. Op bylden is te sjen dat in trekker mei omkearde flaggen op in oplizzer fan de plysje set is en ôffierd wurdt. Foar safier bekend, is net ien oanholden.
Wij hebben zojuist in #DenHaag bij het #Schenkviaduct een aantal trekkers in beslaggenomen wegens het overtreden van het #noodbevel. Boeren probeerden met hun trekkers naar het centrum te rijden en volgden onze aanwijzingen niet op. Er is een noodbevel van kracht. #Prinsjesdag pic.twitter.com/zqHmtnD1o8
— Politie Eenheid Den Haag (@POL_DenHaag) September 20, 2022
Op ferskate plakken yn en om De Haach binne trekkers troch de plysje oan ’e kant set. Neffens it ANP wiene tiisdeitemoarn yn elts gefal fjirtich trekkers ûnderweis rjochting De Haach, mar dat kin de plysje net befêstigje. “It iennige dat wy sizze kinne, is dat er op in pear plakken in pear trekkers oanholden binne. Dy boeren wurde weromstjoerd, want wy sille it needbefel hanthavenje”, seit in plysjewurdfierder. “Boeren binne wol fan herte wolkom yn De Haach om te protestearjen, mar net mei swier materieel”, seit boargemaster Van Zanen. “Ik haw der betrouwen yn dat it in fleurige, rêstige dei wurdt dêr’t de demokrasy fierd wurdt.”
Op ’e A29 tusken Willemstêd en de Haringvlietbrêge stie fan ’e moarn in file fanwege trekkers dy’t op ’e sneldyk rieden. Neffens Rykswettersteat hie dat neat mei boereprotesten te krijen. As gefolch fan wurksumheden wurde trekkers alle dagen oer in rydstripe fan de A29 laat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje