Boekeklup

septimber 22, 2022 11:32

Ynstjoerd

De Afûk organisearret al jierren nei de simmer in boekeklup, dêr’t Fryske boeken yn besprutsen wurde. Foarhinne wie dat op ’e Jouwer en it Hearrenfean. No allinnich noch yn it lêste plak. Dat it tal kursussen ôfnimt hat foar in grut part te krijen mei it âlder wurden fan de dielnimmers.

Under lieding fan skriuwster Jetske Bilker binne de gearkomsten dit jier fan 7 oktober ôf oant april, ien kier yn de moanne fan 9.30 oant 11.30 oere, mei in in koart skoft.

Der wurde altyd nijsgjirrige titels útsocht om sa mei it lêzen fan boeken de winter troch te kommen. Dêrnjonken wurdt meastal ien lêzing holden mei in skiedkundich ûnderwerp.

Boeken foar it nije seizoen. Foto Matthijs Verkuijl

It liket my skoan ta as der wat nij bloed by komt, om sa de Fryske taal yn eare heech te hâlden en fansels ek wat nije ideeën te hearren.

Opjaan foar de Afûk-kursus Skiednis & Literatuer kin fia Jettina Valk, 058-2343079.
Mear ynformaasje: Particulier » Afûk Kursussen (afuk.frl).
De kursus wurdt holden yn it Trinitas-gebou, Coehoorn van Scheltingaweg 1, It Hearrenfean.

Matthijs Verkuijl

septimber 22, 2022 11:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.