Biografy Feitsma giet net oer Feitsma
Resint ferskynd
Juster, 14 septimber, wie de presintaasje fan de wittenskiplike biografy Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009). De biografy oer wittenskipper en Frysk beweger Antonia Feitsma is skreaun troch dr. Liuwe H. Westra yn opdracht fan it Feitsma Fûns – Fûûns fwar it Frysk. De earste eksimplaren binne oanbean oan Arno Brok, kommissaris fan de Kening en tagelyk oan Alex Riemersma, de grutte ynspirator fan dizze biografy.
Irénke Meekma, foarsitter fan it Feitsmafûns spruts it grutte tal oanwêzigen ta op de Conference of Frisian Humanities yn Ljouwert. Neffens Meekma giet de biografy net oer Feitsma, mar oer de frisistyk yn it twadde part fan de tweintigste iuw. It foarnimmen om dat sels op papier te setten is spitigernôch net slagge. Likernôch fyftjin jier nei har ferstjerren is dat no dochs bard yn opdracht fan it troch harsels oprjochte Feitsmafûns.
Tony Feitsma hat in soad betsjut foar de frisityk, mar ek foar de Fryske beweging. Sy hat in hiele generaasje frisisten oplaat en in soad minsken ynspirearre dy’t oaren de romte jouwe om Frysk te praten. Liuwe Westra neamt Arno Brok as in foarbyld fan immen dy’t Frysk praat omdat it kin. Sa jout er in feilige basis om ek Frysk te praten. Brok korrizjearret dat fuortendaliks: “Ik praat Frysk, omdat dat heart.”
Foar It Nijs hat Liuwe Westra it lêste heal jier in biobloch byholden oer syn krewearjen foar de biografy fan Tony Feitsma. Te finen mei https://www.itnijs.frl/?s=liuwe+h.+westra
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje