Australyske man (77) deade troch kangeroe dy’t er as húsbist hold
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1
Yn Australië is ôfrûne snein in 77-jierrige man deade troch in kangeroe dy’t er nei alle gedachten as húsbist hold. Dat hat de Australyske plysje bekendmakke.

Foto: pixabay.com
De man wenne yn in ôfhandich gebiet yn ’e dielsteat West-Australië. Hy waard mei slimme ferwûningen thús troch in famyljelid fûn. Ambulânsepersoniel kaam dêr om te helpen, mar dat wie om ’e nocht. Neffens Australyske media ferstoar de man thús oan syn ferwûningen.
Doe’t de helptsjinsten kamen, koene sy fanwege it bist yn earste ynstânsje net by de man komme. De plysjes skeaten de kangeroe dêrom dea. Neffens de autoriteiten gie it nei alle gedachten om in wyld bist dat de man om ûndúdlike redenen yn ’e hûs hie.
Allinnich yn ’e Australyske dielsteat Victoria is it ûnder strange betingsten tastien om in kangeroe as húsbist te hawwen. De bisten falle yn it wyld komselden minsken oan, de lêst bekende oanfal wie yn 1936.
A 77-year-old man has been killed by his pet kangaroo in a rare attack in Redmond. @ezrdh #9News pic.twitter.com/bD0LewZIs2
— 9News Perth (@9NewsPerth) September 12, 2022
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje