Albert van der Ploeg sprekt by Reaklif oer ferline en takomst buorkjen

septimber 20, 2022 08:24

Sneon 24 septimber o.s. sil de 75e betinking fan de Slach by Warns wêze. Dit jier sil Albert van der Ploeg sprekke oer it ferline en de takomst fan it buorkjen.

Albert van der Ploeg is ûnder oare deeltiidboer, foarsitter fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden en foarsitter fan it Kollektiven Berie Fryslân.

Syb van der Ploeg sil, begelaat troch Wiebe Kaspers, in tal lieten sjonge en Sigrid Kingma, dichter fan Fryslân, draacht in tal eigentiidske gedichten foar.

Boarne: Stifting Slach by Warns

Nei ôfrin is der in foarumdiskusje mei de sprekker, wethâlder Henk de Boer fan Súdwest-Fryslân, geiteboer Wilbert Boersma en de lêst buorkjende boer fan Skarl. De betinking is op it Reaklif by Warns en begjint om 13.45 oere. Sjoch foar eftergrûnynformaasje op slachbywarns.frl.

septimber 20, 2022 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.