8 septimber – Wrâldalfabetisearringsdei

septimber 8, 2022 07:00 Fernijd

De ‘Wrâldalfabetisearringsdei’ (International Literacy Day) is ynsteld om yn de hiele wrâld omtinken te freegjen foar analfabetisme.

In analfabeet is immen dy’t it lêzen, staverjen en skriuwen net of net foldwaande machtich is. Yn Nederlân meitsje we ûnderskied tusken analfabeten en letterswakken. Letterswakken kinne wol lêze en skriuwe, mar net goed genôch om yn de mienskip funksjonearje te kinnen. Dêrnjonken binne der minsken mei dysleksy, dy’t wol lêze kinne mar it net (alhiel) ynterpretearje kinne. In analfabeet is lykwols hielendal net by steat om teksten te lêzen.

Yn Nederlân binne der 250.000 analfabeten en 1,3 miljoen letterswakken of saneamde funksjoneel analfabeten; dat lêste hâldt yn dat immen wol yn steat is om bygelyks syn eigen namme te skriuwen en/of losse wurden te lêzen, mar net om in langere tekst fluch en korrekt te lêzen, en te begripen wêr’t it om giet. It oantal minsken dat funksjoneel analfabeet is wurdt faak ûnderskat. Sels ûnder jongerein komt funksjoneel analfabetisme noch in soad foar. 10% fan de 15-jierrigen fynt it dreech om bygelyks Pluk van de Petteflet fan Annie M.G. Schmidt te lêzen.
Yn Nederlân is prinses Laurentien ien fan de foaroanfroulju op it mêd fan de alfabetisearring.

septimber 8, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.