75e betinking slach by Warns

septimber 25, 2022 19:08

Foto: Nynke Beetstra

Op it Reaklif hat in moai ploechje minsken sneon de slach by Warns fan 1345 betocht. De Hollânske greve Willem de fjirde besocht doe om Fryslân te feroverjen. Hy hie fan de keizer tastimming krige om oer Fryslân te regearjen, mar de Friezen wiene it dêr net mei iens. Hja fersloegen de Hollanners – nei alle gedachten net by Warns, sa’t lang tocht waard, mar foar de kust fan Starum. Yn de 20e iuw is it betinken fan de slach tradysje woarn.

Deifoarsitter wie Anna Marije Bloem. Sprekker Albert van der Ploeg die in útstel om de kosten fan de stikstofplannen út te rekkenjen, sadat boeren de oerheid in rekken jaan kinne foar dielnimmen oan de útstjitbeheinende maatregels. Sigrid Kingma soarge foar poëzy en Syb van de Ploeg foar muzyk.

De betinking luts besikers út alle Fryske gebieten yn Nederlân en Dútslân. Sels út West-Fryslân yn Noard-Hollân wie in delegaasje oanwêzich.

septimber 25, 2022 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.