70.000 euro foar Agroboskprojekt yn Noard-Nederlân

septimber 8, 2022 08:48

Foar it projekt “Publiek Private Samenwerking (PPS) Agroforestry” kriget Wageningen Livestock Research in bydrage fan 70.000 euro fan de provinsje Fryslân. It projekt rjochtet him op it ûntwikkeljen fan fernijende agrobosksystemen foar boerebedriuwen en fierdere ûntwikkeling fan (praktyske) kennis oer it lânboukundich brûken fan bosken en beammen. Dêr bliuwt it ynkommen fan melkfeehâlders by beholden, mar wurdt tagelyk ek koalstof fêstlein en komt der mear bioferskaat op it bedriuw.

Foto: Provinsje Fryslân

It projekt moat ûnder mear ynsjoch jaan yn hoe’t agroforestry te kombinearjen is mei weidzjen, hoe’t it yn te setten is as fretten en wat dat mei de bistesûnens docht. Mar ek wat begroeiïng by stâlen mei de stikstofemisje docht en hokker ûnderdielen fan agroforestry oft oan bioferskaat en in rendabel fertsjinmodel foar boeren bydrage. Bygelyks opbringsten út koalstofsertifikaten of de ferkeap fan nuten of fruchten.

Deputearre Klaas Fokkinga: “It is in ynnovatyf projekt dat moai oanslút by de doelen út ús lânbou-aginda. Mear ynsjoch yn hoe’t agroforestry bydraacht oan ferskate saken, lykas de klimaatproblematyk en mear bioferskaat, mar dan wol mei it útsjoch op in goede fertsjinst foar de boer en it dielen fan kennis oer agrobosken.”

Eksperimintearje
Op tsien bunder grûn fan de Dairy Campus sil it PPS Agroforestryprojekt mei ferskate agroforestry-systemen eksperimintearje. In ekologysk advysburo advisearret oer de lokaasjes, sadat greidefûgels der gjin hinder fan ûnderfine. Tsien melkfeehâlders krije stipe by it ynsetten fan agroforestry yn harren bedriuw. Sa’n fiifentweintich oare ynteressearre melkfeehâlders en de hiele sektor profitearje mei fan de opdiene ûnderfiningen by kennissesjes.

De totale kosten fan it projekt binne 1.033.680 euro. Ut it Transysjebudzjet Natuerynklusive Lândbou, Programma Natuer: Undersyk oergongssônes lânbou en Opbetterprogramma Bioferskaat Fryslân draacht de provinsje 70.000 euro by .

Oan it PPS Agroforestryproject wurkje molkfeehâlders út Fryslân, Drinte en Grins mei, krekt as Noardlike Fryske Wâlden, Friese Milieu Federatie, LTO Noord, Wageningen Livestock- en Plant Research, Natuur en Milieufederatie Drenthe, provinsjes Drenthe en Fryslân, Gemeente Leeuwarden, Van Hall Larenstein, Stichting Permacultuur Friesland, Collectief Waadrâne, PlatformC02neutraal en it Melkveefonds.

 

septimber 8, 2022 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.