Belangryk en prachtich boek oer Fryske diken
Resint ferskynd
Justermiddei is yn Tresoar it boek Friese Dijken presintearre.

Boarne: Friese Dijken, Noordboek
Oer de ynhâld
It mânske Fryske systeem fan diken – fan seedyk oant polderdyk, fan simmer- en winterdyk, fan dreamer, weitser oant slieper – is unyk yn Nederlân. It foarmet de rêchbonke fan it Fryske kultuerlânskip. De diken binne belangryk foar de beskerming tsjin it wetter, it binne belangrike lintfoarmige eleminten yn it lânskip en se foarmje in gearhingjende erfgoedstruktuer mei de terpen en midsiuwske tsjerken en it wettererfgoed fan gemalen, mûnen en slûzen.
Op heldere wize wurdt de dikebou en de komplekse lagen fan de hûnderten ferskillende Fryske diken beskreaun. It aksint wurdt lein tusken bredere geografyske patroanen en prosessen én it ferbyldzjende detail fan it plak.
Nij is de bewurking fan it ferhaal fan de dyksystemen, sa’t dy destiids troch Rienks en Walther yn kaart brocht binne. Prachtich is it Aktueel Hichtebestân Nederlân, as tredde diminsje oan de hânsketsen fan Rienks en Walther tafoege.

Boarne: Friese Dijken, Noordboek
Der wurdt in kompleet oersjoch jûn fan de ûnderskate Fryske lânskippen mei de karakteristike diken, dyktypen en it wettererfgoed. Oertsjûgjend wurdt sjen litten dat de Fryske diken in archeologysk argyf fan net te ûnderskatten ynternasjonale wearde binne.
Dizze beskriuwingen binne de basis foar it tinken oer de rol fan de diken yn de takomst. De betsjutting fan de diken foarhinne, no en yn de takomst as gefolch fan yngripende effekten fan bygelyks it sâlter en it swieter wurden, klimaatferoaringen en it rizen fan de seespegel, is no aktueel.
Boekynformaasje
Els van der Laan-Meijer, Meindert Schroor, Willemieke Ottens, Jelmer Bokma, Friese Dijken
útjûn by Noordboek
ISBN 978 90 561 5779 1, ynbûn, 240 siden
Priis € 34,90
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje