Yntegraasje (ferhaal)

augustus 6, 2022 08:00 Fernijd

Lammy wist net mear wa’t it har ferteld hie, mar se hie grútsjen heard dat der op nûmer 17, dat al sa’n trije fearnsjier leech stien hie, nije bewenners komme soene. Sjouke Bouk, har buorfrou, hie daliks raar guod spuid. As it mar gjin asylsikers binne of oar frjemd útlânsk spul, want Sytske, har suster, wennet yn Veenendaal en dy hawwe statushâlders út Myanmar yn ’e strjitte en dêr sitte se no de hiele dei yn ’e loempialucht en dy lju hawwe de bargen los yn ’e hûs om te rinnen. Sjouke, Boukje har man, tocht dat it wol wat tafalle koe, want Aant, in kollega op syn wurk, wennet neist Surinamers, en dy soargje derfoar dat de buert danich opfleuret. Lêstendeis hiene dy lju de hiele strjitte útnûge om by harren Surinaamsk te iten, en neffens Aant, dy’tst allinne út it stee krigest foar in panne borgers en in inkelde kear griene earte, koe kouseband der ek bêst op troch. En Bouk har twa katten rûnen dochs ek los yn ’e hûs om?

Mar de tamtam hie syn wurk al dien. De strjitte fielde it gefaar stadichoan tichterby slûpen. Guon bewenners woene har bekleie by de wenningstichting, in pear wiene sa breinroer, dy woene bolderich oanstjoere op in besetting fan it gemeentehûs. Koartsein: de rêst yn de trochgeans saaie Panderstrjitte wie fier te sykjen. Doe’t Geart Willemsma op Bouk har jierdeibesite in aaklik ferhaal ôfstuts oer kriminele Marokkanen, dy’t mei ûnbidige pistoalen ûnder de earms, út grutte Amerikaanske sliden wei lytse bern fol troppen mei ferdôvjende middels, wie it mei de nachtrêst fan ferskate bewenners dien. Sels in besite oan de boargemaster smiet neat op. Bouk hold de man foar dat se har beide dochters no al ferbean hie om by’t tsjuster de dyk noch op te gean, want dat manfolk soe by it sjen fan in bleate nâle daliks syn rimboelusten wol folgje. De opmerking fan de goede man dat der ek in truike oer dy bleate nâle hinne lutsen wurde koe, wie oan Bouk net bestege. Mar de ynstânsjes setten troch. Twa wike letter rieden der op in moandeitemiddei fiif auto’s de strjitte yn, dêr’t mei-inoar wol tweintich minsken út rûgelen. De helte derfan bestie út bern. Se wiene net donker, se wiene swart! Lammy en Bouk hiene har fansels al strategysk opsteld. Sjouke syn auto hiene se op ’e opleane set en dy krige op dat stuit wer, sneontemoarn ek al, in fikse waskbeurt. Koene se alles moai troch ’t gat sjen.

It hiele selskip hat der trije dagen en trije nachten op nûmer 17 trochbrocht. De tongersdeitejûns binne fjouwer auto’s, ôfladen mei bern en grutten, wer ôfset. Der blieken in mem en in heit en twa lytse krobkes achter te bliuwen. Jûns om in oere of tsien kaam der noch in bestelweintsje foarriden. Dat bliek stiiffol postdowen te sitten. Dy hawwe se, by krapte oan hokrûmte, earst mar op ’e fliering loslitten.

In wike letter bellen der twa lytse donkere mantsjes by alle huzen yn ’e strjitte oan. Foar alle adressen wie der in tulp mei in briefke deroan fêst, dêr’t op stie dat elkenien oankommende freedtejûn wolkom wie op Panderstrjitte nûmer 17, om sa elkenien de kâns te jaan om mei de Ganeeske húshâlding Gwanko yn ’e kunde te kommen. Oft it no kleare nijsgjirrigens west hat of dat se har troch dy twa prachtige kroeskopkes mei twa pear fonkeljende eachjes ynpakke litten hawwe, wa sil it sizze, mar de hiele strjitte wie op nûmer 17 oanwêzich. Utsein Lammy en Bouk. Dy besochten de oaren te bewurkjen mei geëamel oer noarmen en wearden dy’t hieltiten mear fersuteren en oer de ferwyldere seden dy’t dy lju derop nei holden, want sa’n tweintich minsken trije dagen, en wat noch swierder woech, trije nachten yn in hûs mei mar trije sliepkeamers, dat raast dochs oan ’e protters. Mar net ien harke. Sjouke ek net. It waard in gesellige boel. De jûns om tsien oere hat de Ganeeske man Lammy en Bouk oerhelje kinnen om ek te kommen. Nei wat stinnen en suchtsjen hawwe dy har ferset staakt en binne se meigien. Sa nijsgjirrich as âlde hinnen fansels. It wie al fjouwer oere yn ’e betide moarn doe’t Sjouke en Bouk, de earms stiif ominoar hinne om yn ’t tsjuster net te fallen, de kaai yn de achterdoar besochten te stekken. Dat slagge Sjouke krekt nei seis kear stekken.

It hie in boppeslach west fan dy minsken. De Panderstrjitte wie om. Lammy en Bouk nimme it wyfke al mei nei de jûnen fan de Plattelânsfroulju. It die bliken dat de dowen fan de man ta de bêste wedstriiddowen fan Noard-Nederlân hearre. Syn beide topdowen hat er ferneamd nei Lammy en Bouk. Dy skine it stik wol 25.000 euro wurdich te wêzen. De Ganeeske húshâlding Gwanko wol twa kear safolle!

Inne Bilker

augustus 6, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.