Yn Súdwest-Fryslân is gniisgas ferbean

augustus 4, 2022 12:14

Alhoewol’t it brûken fan gniisgas yn ús lân wetlik noch net ferbean is, hanthavenet gemeente Súdwest-Fryslân aktyf op it ferkeapjen derfan. Dy makket gebrûk fan oare, besteande regeljouwing om it ferkeapjen fan dat gas oan bannen te lizzen.  

Boargemaster Jannewietske de Vries fertelt: “Yn 2019, yn de lêste Snitswike, hawwe wy in soad oerlêst hân as gefolch fan de ferkeap en it brûken fan gniisgas. Mei de Snitswike foar de doar wolle wy dat no foarkomme en it probleem struktureel oanpakke.”

Gniisgas wurdt yn de Opiumwet net as ferbean middel neamd. Yn Súdwest-Fryslân jildt yn de hoareka en op ’e dyk in sutelferbod. It belied is yn juni 2021 yn de Algemiene Pleatslike Feroardering opnommen. De BOA’s hanthavenje der iepenlik op. In boete kin oant 50.000 euro de oertrêding oprinne.

Boargemaster De Vries: “Gniisgas klinkt miskien nijsgjirrich, mar it is troep, net goed foar dyn sûnens en de feiligens fan dysels en de minsken om dy hinne. It is it risiko net wurdich.”

augustus 4, 2022 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.