Wurken fan Museum Belvédère te sjen yn de Earste Keamer

augustus 6, 2022 09:57

Yn ’e rin fan de jierren en mei it groeien fan de kolleksje kriget Museum Belvédère hieltyd faker fersiken om wurken út te lienen. Sa wurket it museum al langer mei syn brûklienen mei oan eksposysjes yn ferskate musea, sawol yn it binnenlân as yn it bûtenlân.

Boarne: Museum Belvédère

Foar de ynrjochting fan de tydlike húsfêsting fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal waarden it Haachsk Histoarysk Sintrum, Museum Bonnefanten yn Maastricht, it Steedlik Museum Schiedam, it Dordrechts Museum en Museum Belvédère frege om ferskate represintative keunstwurken tydlik ôf te stean. De seleksje fan Belvédère bestiet út acht skilderijen fan de keunstners Willem van Althuis, Gerrit Benner, Boele Bregman, Leen Kaldenberg, Han Klinkhamer, Dora Tuynman en Robert Zandvliet (op ’e foto te sjen).

augustus 6, 2022 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.