Wetterkrapte yn Nederlân: needplan yn wurking

augustus 3, 2022 15:11
Foto: pixabay

Op woansdei 3 augustus hat it Nederlânske ministearje fan ferkear en wettersteat fêststeld dat der wetterkrapte bestiet. De oarsaak is dat it te lang te min reind hat. De wetterkrapte betsjut dat de oerheid it beskikbere wetter ferdiele sil.

De heechste prioriteit hawwe dêrby de see- en rivierdiken en de natoergebieten. Op it twadde plak komme it drinkwetter foar húshâldens en de stroomproduksje. Dêrnei komme ûnder oaren de lânbou, yndustry en skipfeart. Dy lêste groep fernimt de krapte al: op ‘e Feluwe jildt in sproeiferbod foar bouboeren en op de Isel meie skippen inoar net ynhelje, om’t it soal troch de krapte tige smel wurden is.

De earste twa groepen kinne ynearsten noch gewoan betsjinne wurde. Wol freget minister Mark Harbers de minsken om sunich mei wetter te dwaan. Benammen it autowaskjen en it foljen fan swimbadsjes kin neffens de minister op it stuit better efkes oerslein wurde.

augustus 3, 2022 15:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.