Wer nije ferboaden op Russyske taal yn Oekraïne
Resint ferskynd
Yn de Oekraïne wurde al jierren maatregels nommen om it Oekraynsk ta de iennichste offisjele taal te meitsjen. Dat hat grutte gefolgen hân foar de taalminderheden yn it lân, wêrûnder in grutte groep Russysktaligen, dy’t de mearderheid foarmje yn it easten fan it lân. De taalrjochten dy’t hja út de Sovjet-tiid oerhâlden hawwe, waarden harren stikje by bytsje ûntnommen, wylst de Oekraynsktaligen mear rjochten krigen. Sûnt de Russyske ynfal komt der hieltyd mear belied tsjin de Russyske taal by. Lokale oerheden en boargers dogge dêr wakker oan mei, bygelyks mei ferboaden op it praten fan de Russyske taal yn oerheidsgebouwen en winkels. Dat belied treft mear de eigen Russysktalige ynwenners as de oanfaller.
Dizze wike waarden twa nije maatregels buorkundich makke. It skoalfak Russysk is op alle skoallen skrast woarn. Fierder is it tenei ferbean om learlingen boeken fan Russyske auteurs foar te skriuwen. Der is in list oanlein fan útsûnderings: Russysktalige skriuwers dy’t dúdlik pro-Oekraynsk wiene en noch wol lêzen wurde meie. De wrâldferneamde skriuwer Nikolaj Gogol is ien fan harren. In oare maatregel is dat skoallen learlingen tenei ûnderwize moatte oer “it faksistyske ymperialisme” fan de eardere Sovjet-Uny.
In oare opfallende taalregel is it ferbod op Russysktalige ferskes yn de Oekraynske foarwedstriden foar it Eurovisie-songfestival. Dat is dit jier wûn troch in Oekraynske dielnimmer. Ornaris wurdt it festival it jier dêrnei hâlden yn it lân fan de winner, mar troch de oarloch sil it festival yn it Feriene Keninkryk wêze. Oekraynske sjongers dy’t harren lân fertsjintwurdigje wolle, meie neffens de regels elke taal sjonge, útsein “de taal fan de oanfaller”.
,,Sûnt de Russyske ynfal komt der hieltyd mear belied tsjin de Russyske taal.” Lytse korreksje: de earste offisjele maatregels tsjin it Russysk yn Oekraïne datearje fan dalik nei de coup yn 2014. Dus net krekt fan nei it begjin fan de ‘special military operation’ fan febrewaris dit jier.