Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte

augustus 18, 2022 21:44

Hûnderten húshâldings yn Grinslân hawwe te hearren krige dat hja rjocht hawwe op smertejild fan de NAM, om’t hja salang mei skea oan harren hûs omrûn hawwe en mar gjin reaksje krigen. Oft hja dat jild hâlde meie, is lykwols net dúdlik. It IMG (Instituut Mijnbouwschade Groningen) hat it jild tasein, mar hie dat hielendal net dwaan mocht. Neffens in wurdfierder giet it om in softwareflater.

Mei-inoar 347 húshâldings hawwe berjocht krige dat hja rjocht hawwe op jild foar it leed dat hja jierrenlang trochstien hawwe. 180 húshâldings hawwe it jild ek al krige. It giet soms om grutte bedraggen: mei-inoar is al 445 tûzen euro oermakke.

De húshâldings dêr’t it om giet, hawwe net allinne in skeaclaim yntsjinne, mar ek in rjochtssaak oanspand. Yn sokke gefallen mei it IMG gjin jild takenne, mar makket de rjochter út oft der oanspraak bestiet op in skeafergoeding en sa ja, hoe heech oft dy wêze moat. It IMG sil de húshâldings dêr de kommende wike oer ynformearje. As hja beslute om de rjochtssaak oergean te litten, seit it IMG ta dat hja it jild hâlde meie. Wat de húshâldings moatte as hja beslute om de rjochtssaak trochgean te litten, is net dúdlik.

It is net foar it earst dat it IMG sa’n grutte flater makket. Earder hat de ynstelling hûnderttûzenen euro’s op ferkearde bankrekkens oermakke. Fierder hawwe 160 húshâldings in fergoeding oermakke krige dêr’t se gjin rjocht op hiene. Dy lêste groep mocht it jild úteinlik hâlde.

augustus 18, 2022 21:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.