Wenten yn Wolvegea ûntromme fanwege brân en gaslek yn kafetaria

augustus 8, 2022 08:58

Tsien wenten en in part fan in âldereinkompleks yn Wolvegea hawwe ôfrûne nacht ûntromme west fanwege in brân en in gaslek yn in kafetaria deunby. De bewenners waarden yn it gemeentehûs opfongen. De kafetaria rekke swier skansearre.

De brân bruts om 23.00 oere hinne út. Om 01.00 oere liek de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle te hawwen. Troch de brân ûntstie in gaslek, en lôge en it fjoer wer op. De flammen sloegen nei in oar gebou oer. Neffens de brânwacht wie der eksploazjegefaar en in grutskalige reekûntwikkeling. Dêrop waard besletten om gebouwen yn ’e buert te ûntromjen. Om 05.00 oere wie de brân foar in twadde kear ûnder kontrôle en koene de bewenners werom nei hûs ta.

De oarsaak fan de brân is net bekend. Der binne gjin slachtoffers fallen. Doe’t de brân útbruts wie net ien mear yn ’e kafetaria oanwêzich.

augustus 8, 2022 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.