Waarpraatsje: Waarm simmerwaar

augustus 10, 2022 19:16

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in waarme dei en it sil oant begjin takomme wike ek waarm oant tige waarm bliuwe. Rein of tonger wurdt foarearst net ferwachte.

Woansdeitenacht is it helder. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar waait in matige noardeastewyn. It kuollet ôf nei in noflike 12 graden.

Tongersdei skynt de sinne hast de hiele dei en by in matige eastewyn sil it 27 oant 30 graden wurde. Letter yn ‘e middei kin de wyn by de kust lâns nei it noarden gean.

Freed feroaret der hast neat. It wurdt noch wat waarmer.

Foar in offisjele hjitteweach moat it yn De Bilt (It haadstasjon fan it KNMI) fiif dagen efter inoar 25 graden of mear wurde. Op trije fan dy dagen moat it ek nochris 30 graden wêze. It sjocht der wol nei út dat dat dizze kear slagje sil.

Jan Brinksma

augustus 10, 2022 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.