Waarpraatsje: Tropysk
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tongersdei in hiel waarme simmerdei. Yn it suden fan Fryslân waard it hast 30 graden. Yn it noarden en op de Waadeilânen wie it wat minder waarm. Freed, sneon en snein kin it op guon plakken tropysk waarm wurde.
Tongersdeitenacht is it helder en by hast gjin wyn wurdt it 15 graden. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige noardeastewyn.
Freed is de loft hast de hiele dei wer skjin en by in matige noardeaste- oant eastewyn leit de temperatuer tusken 28 graden op de eilânen en 30 graden op it fêstelân. Letter op ‘e dei kin de wyn by de kust lâns noardlik wurde.
Yn it wykein bliuwt it hjit mei in hiel soad sinne.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje