Waarpraatsje: (Tonger)buien

augustus 16, 2022 18:57

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei alwer in hiel soele simmerdei. Woansdei sakket de temperatuer dan wier en der falle ek flinke tongerbuien.

Tiisdeitenacht kin it earst op guon plakken wat dampich wêze, mar letter nimt de kans op in (tonger)bui ta. De wyn komt út it noardeasten en is swak oant matich. Mei 18 graden is it noch in hiel waarme nacht.

Woansdei falle der rûnom yn Fryslân (tonger)buien, miskien wol mei in soad delslach. De swakke oant matige noardeastewyn giet letter op ‘e dei nei it noarden. It wurdt in graad as 23.

Tongersdei en freed kin der ek in (tonger)bui falle, mar it is net mear sa hjit.

Jan Brinksma

augustus 16, 2022 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.