Waarpraatsje: Hjit wykein

augustus 12, 2022 19:20

It Amelân mei fjoertoer. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is heechsimmer en dat bliuwt it dit wykein ek. It is op beide dagen tropysk waarm.

Freedtenacht is it helder en by hast gjin wyn kuollet it ôf nei 17 graden.

Sneon skynt de sinne hast de hiele dei en by in swakke oant matige súdeastewyn leit de temperatuer om de 30 graden hinne.

Snein feroaret der net folle. Der is miskien wat mear bewolking, mar by in swakke oant matige súdeastewyn wurdt it wer in graad of 30.

Takomme wike sakket de temperatuer wat, mar it wurdt dan brodzich en de kâns op in (tonger)bui nimt ta.

Jan Brinksma

augustus 12, 2022 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.