Waarpraatsje: Gewoan simmerwaar

augustus 19, 2022 19:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It begûn freed kreas, mar geandewei waard it skier en letter foelen der rûnom yn Fryslân wat buien. It wie wol in hiel brodzige simmerdei. Yn it wykein is it rêstich en hiel gewoan simmerwaar.

Freedtenacht binne der opklearringen en op guon plakken kin damp ûntstean. Der stiet hast gjin wyn en it wurdt 14 graden.

Sneon skynt de sinne geregeld, mar der is ek bewolking. De matige wyn komt út it súdwesten oant westen en de temperatuer leit tusken 20 en 23 graden.

Sneontenacht kinne der in pear (tonger)buien falle en snein is der wat mear bewolking as sneon. In bliuwt, nei alle gedachten, wol, sa goed as, drûch. De temperatuer leit om de 22 graden hinne.

Takomme wike sil it wer flink waarmer wurde.

Jan Brinksma

augustus 19, 2022 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.