Waarpraatsje: Freed oan ’e skiere kant

augustus 18, 2022 19:16

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei lang skier, mar geandewei kaam de sinne der op in soad plakken goed by. Freed is it oan ‘e skiere kant.

Tongersdeitenacht is it helder en op guon plakken kin damp ûntstean. By hast gjin wyn wurdt it in graad of 13.

Freed kin it earst noch dampich wêze, mar letter skynt de sinne sa út en troch. Yn ‘e rin fan ‘e moarn rekket de loft mear berûn en is der kâns op in pear buien. De swakke oant matige wyn komt út it súdwesten, letter út it westen. De temperatuer leit om ‘e 22 graden hinne.

Yn it wykein is it gewoan simmerwaar.

Jan Brinksma

augustus 18, 2022 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.