VIP-wykein foar kânsearme bern

augustus 25, 2022 15:12

Sechtjin Ljouwerter bern dy’t yn earmoed grutbrocht wurde en net op fakânsje koene, krije fan Cambuur Verbindt (de maatskiplike stichting fan SC Cambuur) en it Post Plaza Hotel in VIP-wykein dat se net gau ferjitte sille. Kommende sneon wurde se yn it Cambuurstadion wolkom hjitten. Se krije dêr op it haadfjild yn harren eigen nije fuotbaltenu in fuotbalclinic.

Boarne: SC Cambuur

Dêrnei geane se mei spilersbus nei it Post Plaza Hotel om te iten. De jûns geane se earst nei de Grutte Wielen om te paintbaljen en letter nei it hotel werom foar in gesellige spultsjejûn en om dêr te sliepen.

Boarne: Post Plaza Hotel

De snein wurdt in drokke dei. Nei in lúks moarnsbrochje geane se nei Aqua Zoo. As se dêr útsjoen binne, fermeitsje se har mei midgetgolf. Op de ein fan de middei wurde se wer yn it Cambuurstadion ferwachte. Dêr krije se de earfolle taak om by de ôftraap fan de kompetysjewedstriid SC Cambuur – AZ de middensirkeldoek te dragen. Fansels binne se dan ek by de wedstriid te gast.

Nei dat wykein kinne se, grutsk mei in Cambuerrêchsek dy’t se meikrigen, nei skoalle ta en dêr harren ferhaal fertelle en hoege se net foar oaren ûnder te dwaan.

Cambuur Verbindt
Alle maatskiplike aktiviteiten fan SC Cambuur binne yn de stichting Cambuur Verbindt ûnderbrocht. Sûnder winsteachmerk set dy him al in jier of wat op maatskiplik mêd yn. Foar en nei binne ferskillende projekten opset lykas Playing For Success, Cambuur OldStars en de Cambuur Dreamschool. Neist de eigen projekten stipet de stichting ek losse inisjativen mei syn maatskiplike partners.
By de seleksje fan de bern en harren begelieding spylje jongereinwurkers fan Amaryllis in grutte rol.

augustus 25, 2022 15:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.