Utstalling Paradys twa wike langer te sjen

augustus 3, 2022 07:15 Fernijd

Paradys (foto Christian Kamminga)

De belangstelling foar de keunsttentoanstelling Paradys is sa enoarm grut dat er ferlinge wurdt oant en mei 28 augustus.

De eksposysje is te sjen yn en om de eardere bûtens yn parklânskip Oranjewâld op alderhande lokaasjes. No’t it gea dêr op syn moaist is, is it de muoite wurdich hoe’t fyftjin ynternasjonaal ferneamde keunstners reflektearre hawwe op de paradyslike omjouwing fan de eardere lustoarde as op de rike skiednis fol machtsûngelikensens.

Sjoch ek It Nijs | Search results Paradys

De eksposysje is te sjen fan tongersdei o/m snein tusken 10.00 en 17.00 oere.

Paradys is in ûnderdiel fan it hûndert dagen duorjende evenemint Arcadia, dat in ferfolch is op LF Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Dat duorret oant en mei 14 augustus.
augustus 3, 2022 07:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.