Uitmarkt 2022: de iepening streekrjocht útstjoerd by de NTR

augustus 20, 2022 08:47 Fernijd

Op sneon 27 augustus fiert de NTR tegearre mei de Uitmarkt lykas wenst de iepening fan it nije kulturele seizoen. Eric Corton presintearret – fan it Museumplein yn Amsterdam ôf – it iepeningsprogramma Uitmarkt 2022: De Opening.

Argyfbyld Uitmarkt 2017 (boarne: NTR)

In oere lang komme de bêste nije, âlde bekende, ferrassende jonge, en renommearre artysten foarby. In greep út it programma: de Nimweechske rockband De Staat set syn tosken yn dizze edysje troch it kulturele seizoen sawol te iepenjen as te sluten. Kabaretier en filosoof Tim Fransen (nominearre foar de Poelifinario 2022) hâldt in minykonferense oer de stân fan it lân. De Palestynske sjongeres Nai Barhouti sjongt in betsjoenend liet fan wrâldstjer Fairuz. Sjonger Thijs Boontjes soarget foar in bytsje leafde. Dûnsers fan Oxygen út Maastricht litte harren dûnsfeardichheden sjen. De Flaamske sjonger Raymond van het Groenewoud fiert op ’e poadia syn santichste jierdei, en sjongt syn liet ‘Wat een fijne dag’. Der is soul fan Ivan Peroti. It Nederlands Kamerkoor presintearret in audiofisueel spektakel dêr’t de skilderkeunst fan Vincent van Gogh by ta libben komt. Thomas Azier is in autentike muzikale globetrotter, hy sil syn nije nûmer spylje. Michelle David & The True-tones bouwe in feestje mei harren nije muzyk. En der is noch mear moais. Dat allegear ûnder begelieding fan de meast swingende bigband fan Nederlân: New Cool Collective.

Oer de Uitmarkt
De Uitmarkt markearret al 45 jier de nasjonale iepening fan it kulturele seizoen. It biedt in leechdrompelich en ynspirearjend platfoarm foar elkenien dy’t yn ’e kunde komme wol mei wat it nije seizoen te bieden hat. Al sûnt 2006 wurket de NTR en de Uitmarkt gear om de iepening fan it kulturele seizoen te fieren; dit jier ek.

augustus 20, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.