‘Tussen Kunst en Kitsch’ komt moarn út Belvédère

augustus 2, 2022 07:05 Fernijd

Op woansdei 3 augustus wurdt yn de tv-rubryk Tussen Kunst en Kitsch nochris de ôflevering útstjoerd dy’t yn Museum Belvédère op it Hearrenfean opnommen is. Under mear is in bysûnder foarwerp út Azië te sjen dat taksearre wurdt troch ekspert Jaap Polak.

It giet om in Súd-Sineeske rolskildering. Dy waard yn oprôle tastân bewarre en wie allinne op spesjale feestdagen te sjen om de foarâlden te earjen. It docht bliken dat de skildering mei de bêste materialen makke is en dat dêr in protte fakmanskip oan te pas kommen wêze moat.

Sa’t by Tussen Kunst en Kitsch wenst is, wurdt ek altyd oan de eigener frege hoe’t dy oan it keunstwurk kommen is. De eigener fan dit wurk fertelde dat er it kocht hie fan in freon dy’t om jild ferlegen siet. De ekspert fertelt dan ek altyd wat dat wurk yn de keunsthannel no opleverje soe. Meastal giet it om ûnferwachte hege bedraggen, mar it falt ek wolris ôf…

augustus 2, 2022 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.