Trynke Schuurmans beneamd ta Panskipper
Resint ferskynd
Trynke Schuurmans (65) út Snits is freedtejûn by de offisjele iepening fan de Snitswike ta Skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan beneamd. Mei dy ûnderskieding earet de Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS) alle jierren in persoan dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de sylsport yn it algemien en foar de Snitswike yn it bysûnder.
“Trynke Schuurmans hat in lange steat fan tsjinst by de KWS, fan op syn minst tritich jier en se is noch hieltyd as bestjoerslid en frijwilliger in belangrike spin yn it web fan de feriening”, sei boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân oer de Panskipper. De ûnderskieding is yn 1954 insteld en sûnt 1966 heart dêr in koperen pankoekspanne mei it wapen fan Snits by.
Frou Schuurmans wie sels gjin fanatyk wedstriidsiler, mar se hat tsientallen jierren wol in tawijd mei-organisator fan wedstriden west. Yn 1991 waard se sekretaris fan de seksje Wedstriidsilen fan de KWS. Nei acht jier bestjoerslid west te hawwn droech se dy taken oer, mar se bleau aktyf as lid fan it wedstriidkomitee om alles yn goede banen te lieden. Yn 2015 waard se wer sekretaris fan de ferieniging. Dêr hâldt se takomme jier mei op.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje