Trekkers ride tsjin ferkear yn oer A7 by It Hearrenfean

augustus 6, 2022 10:50

In groep spûkridende boeren hat freedtejûn foar in gefaarlike situaasje soarge op ’e A7 tusken It Hearrenfean en Drachten.

Foto: pixabay.com

De boeren rieden yn trekkers earst stadich op ’e goede dykhelte by Tsjalbert yn ’e rjochting fan It Hearrenfean, meldt de plysje. Doe’t se op in plysjeblokkade stjitten, draaiden se om en rieden se op deselde dykhelte de oare kant op. Doe’t se efkes fierderop opnij plysjeweinen stean seagen, rieden se dêr fia de berm omhinne en giene se om 23.00 oere by De Tynje fan de sneldyk ôf.

Neffens in wurdfierder fan de plysje Noard-Nederlân hawwe de plysjes dy’t de boeren besochten tsjin te hâlden net direkt yn gefaar west. “Mar ride mei in trekker op in sneldyk is fansels al gefaarlik. En tsjin it ferkear yn namste mear.”

It is noch net bekend oft der boeten útdield binne. Dêr hat de plysje nei alle gedachten hjoed yn ’e rin fan de dei mear ynformaasje oer. Fertsjintwurdigers fan it kabinet praten juster mei boere-organisaasjes oer de stikstofkrisis. Nei ôfrin sei LTO-foarsitter Van der Tak dat it petear op dat momint te min opsmiten hie. Boere-organisaasjes dy’t derfoar keazen hiene om net by it petear te wêzen, lykas aksjegroepen Agractie en Farmers Defence Force, sprutsen harren teloarstelling oer it earste petear út.

Foarman Mark van den Oever fan Farmers Defence Force sei dat Nederlân him opmeitsje kin foar “de hurdste aksjes” dy’t syn organisaasje ea fierd hat. Oft de aksje op ’e A7 troch leden fan FDF organisearre waard, is net bekend.

augustus 6, 2022 10:50
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma augustus 6, 11:27

    Mei trekkers op ‘e sneldyk en dan ek noch yn it tsjuster. Hoefolle deaden moatte der falle? Net allinne de flaggen mar ek it ferstân liket ûnderstboppen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.