Tijwizer kwelder Westhoeke foar beskerming rêstende waadfûgels

augustus 15, 2022 08:44

Fan It Fryske Gea

Woansdei 20 july is by kwelder Westhoeke in tijwizer delset om rêstende waadfûgels te beskermjen en tagelyk besikers folop genietsje te litten. De tijwizer jout besikers aktuele ynformaasje oer tagong ta de kwelder. By leech wetter is der romte foar besikers. By heech wetter hawwe de waadfûgels de kwelder nedich om út te rêsten en jout de tijwizer oan om de kwelder te mijen.

©It Fryske Gea

De tijwizer is in learend systeem en sil de kommende wiken foar de unike lokale omstannichheden ynregele wurde. Is is in ûnderdiel fan it projekt Wy & Waadfûgels.

Op ’e kwelder rêste
It is in prachtich gesicht: tsientûzenen fûgels strike by heech wetter op ’e kwelder del. Soarten as bûnte strânrinner, sulverplevier en reade skries kinne dan net by harren fretten op de ûnderstrûpte sliken en jouwe har op dit heger lizzende gebiet krekt bûten de dyk del. Minsken komme dêr dan ek graach hinne om de skjintme fan ’e natoer te bewûnderjen: omwenners dy’t de hûn útlitte, toeristen, fûgelders. Mar as foarbygongers te tichtby komme, fleane tûzenen fûgels op, dy’t dêrmei harren kostbere enerzjy fergrieme.

Topatleten
De fûgels dy’t op ’e kwelder rêste, binne meast trochtrekkers en oerwinterders. It binne eins topatleten dy’t topfit foar de wedstriid wêze moatte. Se lizze enoarme ôfstannen ôf tusken briedgebieten en oerwinterplakken. Dêrfoar moatte se in soad frette en rêste, om fet genôch en útrêst oan de flecht fan soms tûzenen kilometers begjinne te kinnen. As se fersteurd wurde, reitsje se ûnnedich in protte enerzjy kwyt, en dan fleane se yn in mindere kondysje fuort.

Genietsje op ’e dyk
De measte minsken binne graach ree om de fûgels net te fersteuren. Hja witte allinnich net altyd wat se dêrfoar dwaan moatte. De tijwizer helpt besikers. It skerm jout oan om de kwelder te mijen, om’t it heech wetter is en de fûgels rêste. Dan kinne se op ’e dyk fan de fûgels genietsje. En as it leech wetter is, sitte de fûgels fierderop op it Waad om te foerazjearjen. Dan jout de tijwizer oan dat de besikers de kwelder op kinne.

De tijwizer wurdt de kommende tiid noch fierder ynregele. Hy brûkt no data fan it tichtstbylizzende mjitpunt yn Harns. Mar troch wynkrêft, wynrjochting en de helling fan it talúd kin de wetterhichte by Westhoeke ôfwike.

Wy & Waadfûgels
Njoggen organisaasjes, mei dêrûnder Fûgelbeskerming, slane de hannen gear foar it opbetterjen fan sûne fûgelpopulaasjes yn it Waadgebiet. Dat bart yn ’e foarm fan it mearjierrige gearwurkingsprogramma Wy & Waadfûgels, dat yn 2020 úteinset is. It bestiet út konkrete maatregels op plakken dêr’t fûgels briede en rêste, lykas nêstbeskerming, oanlis fan briedeilannen en opbetterjen fan heechwetterflechtplakken. Dêrneist wurde bewenners en besikers bewust makke fan it belang fan rêst foar fûgels en hoe’t se fan it Waadgebiet genietsje kinne sûnder fûgels (ûnbedoeld) te fersteuren. Wy & Waadfûgels wurdt finansjeel mooglik makke troch it Waadfûns, it ministearje fan LNV en de trije Waadprovinsjes.

augustus 15, 2022 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.