Tennisspylster Paula Badosa: “Katalaansk is gjin taal”

augustus 4, 2022 16:50

Katalanen en Katalaanske taalorganisaasjes wiene fuort op ien ein: tennisspylster Paula Badosa woe nammentlik hawwe dat Katalaansk net in taal wêze soe. Dat foel ferkeard en grappen dat tennis net in sport wêze soe fljogge op it heden oer it ynternet.

De tennisspylster wennet no yn de Feriene Arabyske Emiraten. As bern hat hja yn Amearika wenne en letter yn Kataloanië. Doe’t in sjoernalist har op in parsekonferinsje frege hokker talen oft se prate koe, antwurde frou Badosa: “Spaansk, Katalaansk – dat is net in taal, mar ik rekkenje it wol mei – en Ingelsk”.

augustus 4, 2022 16:50
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Wijma augustus 11, 08:19

    Is dit alles? Dat sa’n frou net better wit en in miening hat dy’t wat âfwykt fan wat wy tinke is dochs net wurdich om mear as in seconde oer nei te tinken…..mar wêr meitsje ik my no wer drok oer

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.