Tegelpoëzy
Resint ferskynd
De ôfrûne dagen hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, dêrom dat it projekt Tegelpoëzy hjit.
It idee is om minsken op in ûnferwachte en leechdrompelige wize mei poëzy yn kontakt komme te litten. Want wa seit dat poëzy dreech wêze moat en allinnich mar yn in boek te lêzen is? De dichter ropt elkenien op en gean derop út en fyn alle tsien gedichten. Op de sosjale media kinne se hashtag #tegelpoëzy brûke.
Geart Tigchelaar (1987) is ferline jier oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Hy wol troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten de poëzy ûnder de oandacht bringe. Sa stiet er de lêste woansdeis fan ’e moanne ek altyd op de merk yn Dokkum mei it projekt ‘Merkgedicht’.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje