Takom wike grutte treinstaking

augustus 18, 2022 21:50
Foto: Wikimedia Commons/Combino – lisinsje CC BY-SA 3.0

It personiel fan de NS wol fan takom wike woansdei ôf in wike lang boljeie. De stakings begjinne yn Noard-Nederlân. Dat betsjut nei alle gedachten dat der woansdei gjin treinen ride op it trajekt Ljouwert-Swol.

De treinmeiwurkers wolle mei de aksje ynfloed útoefenje op de ûnderhannelings oer in nije cao. De NS wol net yngean op de easken fan de grutte fakbûnen. Neffens it bedriuw is der troch de koroanakrisis te min jild om de minsken te jaan wat hja hawwe wolle.

augustus 18, 2022 21:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.