Swalkjende Bosk nei definitive plantlokaasjes brocht
Resint ferskynd
Mear as 1200 beammen fan Bosk fergrienje Ljouwert en omkriten

Foto: © Thomas Vaer Fotografie
Ofrûne wykein brocht de swalkjende Bosk syn kuiertocht troch de binnenstêd fan Ljouwert ta in ein om nei de definitive plantlokaasjes te gean. De 1200 beammen wurde earst nei in tuskenlokaasje brocht om dêrnei fan ’t hjerst op ferskate lokaasjes fan Ljouwert plante te wurden. Bosk wie ûnderdiel fan de kultuerhûndertdeiske Arcadia, dy’t oant en mei 14 augustus holden waard en in ferfolch op Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wie.

Foto: © Bart Lindenhovius
Tuskenlokaasjes yn ôfwachting fan juste planttiid
De beammen wurde yn ’e hjerst fan 2022 nei de definitive lokaasjes brocht en yn ’e grûn plante. “Dit is de ideale planttiid: de beammen komme dan yn de wintterrêst en kinne alfêst goed oanslaan. Dat komt trochdat de grûn dan noch relatyf waarm is, der genôch delslach falt en dêrtroch de woartels goed kontakt mei de grûn meitsje kinne”, seit grienekspert fan de gemeente Ljouwert, Nico Kelderhuis. Njoggentich beammen wurde tydlik op It Fliet yn Ljouwert delset en krije yn ’e hjerst fan 2022 in definityf plak yn Ljouwert East. Dêrneist geane 75 beammen nei Akkrum om op dy lokaasje de needsaak ta fergriening te beklamjen. De oare beammen wurde tydlik op it terrein fan ING oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert fersoarge. “Wy binne tige tankber dat ING it terrein tydlik beskikber stelt. It is in moai plak dêr’t de beammen fan Bosk stadichoan yn wintersliep komme kinne foar’t se nei it definitive plak earne oars yn ’e gemeente gean”, ljochtet wethâlder Hein Kuiken ta.

Foto: © Ruben van Vliet
Beammen fergrienje ferskate lokaasjes en helpe by wetteroerlêst en hjittestress
Yn ’e hjerst, as de perfekte planttiid oanbrutsen is, geane de beammen nei harren definitive plantlokaasjes. Dat is ûnder oare yn Ljouwert-East, Mantgum, Jellum en om it Fliet hinne, mar ek bedriuweterreinen De Himrik en de Swette foar de oanpak fan wetteroerlêst en hjittestress. De ferkoeljende wurking fan beammen sil ek yn ’e binnenstêd fan Ljouwert foar foardielen soargje: der wurde nammentlik ferskate beammen op it Waachplein plante. In folsleine list fan de lokaasje is te finen op: groenleeftinleeuwarden.nl/bosk.
Besjoch hjir de fideo fan de rûte dy’t de beammen fan Bosk ôflein hawwe:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje