Snitswikemerke: de favoriten fan it publyk

augustus 11, 2022 10:11

“Prachtige merke mei in goede mjuks fan famyljesaken en spektakulêre attraksjes”, is de algemiene reaksje fan de publykssjury oer de Snitswikemerke. “Oeral gesellichheid, freonlik personiel, fleurige muzyk en nagelnije saken.”

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Tiisdeitemiddei rikte wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân de prizen út oan de eigners fan de attraksjes dy’t neffens de publykssjuery it meast yn ’e smaak foelen by it grutte publyk. “Prachtich dat de merke der wer is! Bysûnder dat jier yn jier út, de merke-eksploitanten foar safolle wille en bliidskip soargje by ynwenners en besikers. De gastfrijheid dy’t se útstrielje, dêr wurd ik tige entûsjast fan”, sei wethâlder Michel Rietman.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Yn ’e kategory ‘grutte ferdivedaasje’ wûn de Breakdance fan M. Leek. Nei in jiermannich ôfwêzigens is de rappe merke-attraksje wer werom op ’e Snitswikemerke. En mei sukses. Neffens de publykssjuery ien dy’t net ûntbrekke mei op in merke as dizze. “Hearlike ritten”, “Best in town”.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

De ferkiezing yn ’e kategory ‘berne-attraksjes’ wie in nekke-oan-nekkerace tusken de draaimûne en de Heli Swing. Lêstneamde, attraksjes fan M. de Vries, gie mei de priis oan ’e haal. In stikmannich kompliminten fan de publykssjuery: “Yn ’e jûn prachtich ferljochte” en “bern fine it hearlik spannend om de helikopters te bestjoeren.”

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Trije op in rige by de ‘behindichheidsspullen’. Foar de treddde kear efterinoar is de Pusher ferkeazen ta winner yn dy kategory. “In kleurryk gehiel”, “Moaie prizen”. A.A. Bruggink, eksploitant fan it saneamde skospul, wit hieltyd wer it publyk nei syn automaten te lûken.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Yn ’e kategory ‘iten en drinken’ wie it de Spaanske sjurroskream dy’t by it grutte publyk yn ’e smaak foel. “Hearlike en bysûndere traktaasje” en “dekorative kream” wiene neamde arguminten om foar it sjurrosdiske te kiezen. Boppedat wiene de klean fan ûnder oaren eksploitant H.G. van Dam, mei echte Snitswike-t-shirts, op de feestlike Snitswikemerke ôfstimd.

De merke op it Martiniplein en it Ald Tsjerkhôf draait noch oant en mei tongersdei.

augustus 11, 2022 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.