Skyldpod mei twa koppen út aai kaam yn Putten

augustus 7, 2022 08:49

Yn Putten is in bysûnder bist op ’e wrâld kommen: in twakoppige skyldpod. It is foar it earst dat dat yn Nederlân bart en it is nei alle gedachten ek pas de twadde twakoppige spoareskyldpod op ierde. De oare komt út België.

Twa wike lyn krûpte it twakoppige reptyl by in hobbykweker út it aai. Dy koe de eagen hast net leauwe, mar telde dochs echt twa koppen, fjouwer foarpoaten, twa efterpoaten en twa lytse sturtsjes. Hy socht kontakt mei in bisteklinyk om in ct- en röntgenscan dwaan te litten. Dêrút die bliken dat it bist wol ien hert en ien magetermkanaal hat. It is dêrom gjin Siameeske twaling, mar ien bist. Neffens de bistedokter hat de skyldpod dêrtroch goede libbensferwachtingen. “Men kin jin foarstelle dat as der twa herten binne en ien hert funksjonearret net goed, dat net goed is foar de oare helte fan it bist.”

Yn ’e frije natuer soe in twakoppige skyldpod neffens de bisteklinyk net oerlibje kinne. “As de iene kop wat oars wol as de oare, dan funksjonearret sa’n bist net mear. By in hobbykweker dy’t goed foar syn skyldpodden soarget, is dat probleem der net. Dêr kriget it syn iten en drinken oanrikt.”

De bysûndere skyldpod krige de namme Sorte, dat yn it Portugeesk gelok betsjut. No waacht Sort noch mar 34 gram, mar úteinlik kin it bist ta in meunster fan sa’n hûndert kilo útgroeie. As alles goed giet, kin de skyldpod fyftich jier âld wurde. It is noch net bekend oft Sorte in mantsje of in wyfke is.

Besjoch filmkes fan Anicura:

augustus 7, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.