Skûtsjesilen swiid yn byld brocht

augustus 2, 2022 10:38

Noch net iens sa lang lyn koenen de measte minsken it skûtsjesilen allinnich mar streekrjocht folgje troch it harkjen nei it besiele en somtiden frijwat bolbjirken kommentaar fan de ferneamde ferslachjouwer Klaas Jansma. Sels dêr de bylden by betinke hoecht al in skoft net mear. Nei’t it radioprogramma mei wat kamerabylden der by ek op ‘e telefyzje te sjen wie, gie it hurd. De jierren foar de koroana wie de streekrjochte telefyzje-útstjoering fan Omrop Fryslân al útwoeksen ta in folweardige ferslachjouwing. De moaiste bylden kamen doe fan in kamera yn in heechwurker. Dit jier wurdt dat allegearre (figuerlik en letterlik) oerflein, no’t der neist kamera’s op it lân en op it wetter, ek loftkamera’s oan drones hingje.

Skûtsjesilen op ‘e Feanhoop 2022. Stilset byld út ferslach fan Omrop Fryslân.

Better as ea, slagget it de Omrop sadwaande om it skûtsjesilen, op in Tour-de-France-eftige wize, swiid yn byld te bringen. In gearfetting fan de wedstriden is der alle dagen dat syld wurdt op de regiostjoerder om kertier oer fiven en dan hieltyd om it healoere fannijs. Justjes letter is der op de lanlike stjoerder in Skûtsje Journaal, by Omrop Max op NPO1, mei deselde gearfetting mar dan yn it Nederlânsk. Foar wa’t it oan tiid hat, is it weromsjen fan (parten fan) de folsleine ferslaggen lykwols oan te rekommandearjen. Dy binne te finen op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân. Sjoch ûnder dit artikel foar de earste beide wedstriden fan dit jier.

De wiidweidige streekrjochte byldferslaggen op telefyzje en ynternet wurde dit jier wol beheind ta it skûtsjesilen fan de SKS. Foar de wat minder populêre IFKS-silerij moat men de radio wer oansette (of likegoed de snoadfoan fansels) dêr’t hjoeddeistich ferslachjouwer Gjalt de Jong alle war docht om foar de nigethawwers de skûtsjewedstriden like byldzjend as syn yllústere foargonger te beskriuwen.

augustus 2, 2022 10:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.