Skokkend: oarsaak fan al dy deade fisken yn Poalen ûntdutsen
Resint ferskynd
- Provinsje Fryslân sjocht kânsen foar Greidhoeke as bioregio 0
- Poppe nei 18 oeren rêden út metersdjippe put yn Tailân 0
- Arjen Versloot oansteld as ynterim-heechlearaar Frysk yn Grins 0
- Undersyk: dit binne de meast romantyske gemeenten fan Fryslân 0
- Tûzenen minsken yn Turkije en Syrië bringe nacht bûten troch 0

Yn Dútslân en Poalen wie it wikenlang foarsidenijs: yn de rivier de Oder giet de fisk dea. Alle dagen komme bulten nije deade fisken boppe. De rivier foarmet in grut stik fan de grins tusken de twa lannen en Dútslân jout de skuld oan Poalen, om’t de rivier yn dat lân begjint.
Terjochte, sa hat no bliken dien. It Poalske wetterskip makke tiisdei buorkundich dat der 282 yllegale útwetterings fûn binne, dy’t fergiftich ôfeart yn de Oder loadse.
Nei alle gedachten is it fergif net de streekrjochte oarsaak. De lêste wiken waarden yn de Oder fergiftige algen oantroffen. Satellytbylden bewize dat de lêste pear wiken de algegroei hurd tanommen is. Wittenskippers tinke dat de yllegale útwetterings de groei fan de algen befoardere hawwe en dat dy wer soarge hawwe foar it stjerren fan ‘e fisken.
De Poalske plysje ûndersiket op it stuit fan elke ferbeane spui-út wêr’t er wei komt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje