Sjongeres Taylor Swift útroppen ta ‘grutste bekende fersmoarger’ om gebrûk priveefleantúch

augustus 19, 2022 10:25

Taylor Swift is it middelpunt fan klimaatopskuor wurden. De Amerikaanske sjongeres stjitte mei har priveefleantúch oant no ta dit jier de measte CO2 út fan in hiele rige ferneamde minsken, besifere in Britsk marketingbedriuw koartlyn.

Foto: pixabay.com

Tusken jannewaris en july gie it fleantúch fan de sjongeres 170 kear de loft yn, wat delkomt op 15,9 folsleine dagen fleanen. De útstjit fan it tastel kaam dêrmei út op sa’n 8000 ton oan CO2, goed tûzen kear de útstjit fan in trochsneed boarger jiers. Wurdfierders fan de artyst sprekke de berekkening yn muzykblêd Rolling Stone tsjin. Neffens harren lient Swift it tastel geregeld út en is sy persoanlik net ferantwurdlik foar alle 170 fleanbewegingen en de byhearrende útstjit.

Marketingbedriuw Yard stelde syn rapport op nei’t op sosjale media opskuor ûntstien wie oer de útstjit fan beynfloeder Kylie Jenner. Koartlyn die bliken dat de Kardashian-telch foar in ferdivedaasjeflecht fan tolve minuten har priveefleantúch brûkt hie. It gie om in flecht tusken de fleanfjilden fan Camarillo en Van Nuys yn Kalifornië. Mei de auto wie dat op in ritsje fan likernôch fjirtich minuten delkommen. In protte minsken fregen har lûdop ôf wat foar sin it hat om as yndividu duorsumer te libjen, as ferneamde minsken tonnen útstjit mei harren fleantugen feroarsaakje. Frou Jenner waard dan ek bestimpele as ‘klimaatkrimineel’. Hja helle de top-10 fan de list fan Yard lykwols net. De útstjit fan bokser Floyd Mayweather wie goed foar plak twa, hiphopartyst Jay-Z einige mei syn fleantúch op plak trije.

Foar it rapport beseach Yard gegevens fan it automatisearre Twitterakkount Celebrity Jets. Dat hâldt de fleanbewegingen fan priveefleantugen fan ferskate ferneamde minsken by. Foar de besifering fan de trochsneed útstjit brûkte it bedriuw data fan it Britske ministearje fan Transport.

Frou Swift begûn al jong yn de countrymuzyk. Har karriêre makke in flecht doe’t se yn 2014 it popalbum 1989 útbrocht, mei hits as ‘Shake it off’ en ‘Blank Space’.

augustus 19, 2022 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.