Simone Djurrema: Oan ’e drank en feesten (diel 2: midsommar)

augustus 6, 2022 07:00 Fernijd

Kollum

Ferline kear gie it oer studintefeesten. En drankgebrûk fansels.

Ien fan de foaroardielen oer Sweden is dat der in protte minsken oan ’e drank binne, mar sa’t ik yn myn foarige kollum al sei, leit it alkoholgebrûk neffens de statistiken – yn alle gefal no – ûnder de Europeeske trochsneed. De minsken tinke dat it hjir altyd kâld is en de hiele winter tsjuster en dat de Sweden dêrom in protte sûpe. Mar ik haw it earder sein en ik sis it wer: faker sinnige dagen, al binne se koarter, dat foldocht my hiel wat better as dei yn dei út skier waar. En de kans dêrop is yn Fryslân spitigernôch aardich grutter. Mar no werom nei de feesten.

Yn Nederlân begjinne de fakânsjes letter as hjir. Hjir krije de bern om de tsiende, fyftjinde juny hinne frij en dêrnei draait alles om midsommar. Krekt as mei krysttiid is dêr de jûn tefoarren hast belangriker by as de dei sels. Sa is it yn Ingelske en Amerikaanske films ek, de jûn foarôf, ‘christmas eve’, is hiel wichtich. Op Midsommarafton, dat altyd op in freed it tichtste by de langste dei fierd wurdt, wurde de boereweinen wer mei bjirketûken, giel mei blauwe linten en flaggen en blommen fersierd en no wurdt der ek noch in picknickbank by opset. Gesellich mei in drankje op ’e wein giet it nei in midsommarfiering ta. Wy, en de measte oaren, komme gewoan yn ’e auto hear. Heit en mem wiene der dit jier ek wer by.

Foto Ulla Larsson

Middeis om ien oere koe men blommekrânsen flechtsje, mar doe kamen wy noch net. Wy giene tsjin twaen. Doe waarden op it poadium wat pleatslike bewenners nominearre om’t se harren tige ynset hiene foar Dals Rostock, it plak dêr’t wy wiene. Der kamen hieltyd mear minsken, de froulju en famkes hast allegearre yn jurken, leafst blommige. In hiele protte froulju, bern en ek in stikmannich manlju hiene blommekrânsen op ‘e holle. Nei in optreden fan in trekharmoanika en noch wat oare ynstruminten dy’t âlderwetske simmerferskes oer bleate fuotten, blommen en sinneskyn hearre lieten, gie de fokus nei in plak op it gers. Elkenien moast romte meitsje, in protte romte, en doe kamen der in stik of tsien keardels oan yn wurkklean. Se rôpen en raasden en seagen derút as hiene se al efkes yn it feest west, mar dat diene se derom (leau ik, miskien net allegearre…). Se begûnen te sjongen en yn twatallen in dûnske te dwaan dêr’t it yn like as waarden se lilk opinoar. By it refrein kaam der hieltyd wat nijs by: poatsje heakje, triuwe, lûke en slaan. Mei in protte gerop derby fansels, want men kin net stil bliuwe as men in klap útdielt! It koene likegoed Fryske keardels west hawwe. Dy hawwe miskien net sokke dûnskes, mar se hiene krekt sa dwaan kinnen. Op sa’n stuit fielde ik wat ûnwennigens. Sucht.

Foto Ulla Larsson

Doe sette it spul, al roppend en razend, troch de minskemannichte ôf. Se kamen werom mei de maaibeam. Dy waard opset en doe mocht elkenien dy’t dat woe, foaral bern mei harren heiten en memmen fansels, yn rûnten om de maaibeam hinne dûnsje. Der wiene in protte minsken. Nei twa jier krisis wie de opkomst noch grutter as oars. Der waarden berneferskes spile en songen mei allegearre bewegingen derby en elkenien dûnse en song mei. Ik fyn it alle kearen wer prachtich om safolle minsken te sjen dy’t bygelyks as in kikkert springe en sa.

Nei de tiid koene se, as se der noch net oan ta kommen wiene, woarstjes en iisko’s keapje of gokke by it rêd fan fortún. Dêrnei giene de measten nei hûs ta om thús de ferneamde smörgåstårta en nije ierapels mei soere hearring te iten. En taart mei ierdbeien en slachreamme. Guon minsken keapje bakken mei ierdbeien! Se binne net om ’e nocht, mar mei Midsommar mei dat neat jaan, it heart derby!

De jongerein sette drinkend ôf op de weinen en doe koe it feestjen opnij begjinne, de partytinten stiene der dochs noch. Se wiene krekt bekommen fan de katers fan de studintefeesten, dat se koene der wer tsjinoan!

Mar ja, dat is fansels krekt as yn Fryslân, hiel ferskillend. De iene fiert feest sa’t it yn de nije Hûnekop ‘Wy kam fram Fryslân’ giet en by de oare komt net in drip drank oer de drompel, en alles dertuskenyn. Mar lekker ite dogge se hast allegearre wol, it leafst de tradisjonele gerjochten. Miskien mei ranja yn stee fan fris of drank, want dat wurdt hjir in protte sels makke. Fan flierblommen, rabarber, swarte beien, reade beien, apels of wat oars. De folwoeksenen drinke dat hjir ek in protte, net allinnich bern. Ik haw dit jier ek wer in protte ranja makke. Fan rabarber, flierblommen en kersen. Ik drink it sels hast net, mar it is sûn, aardich om oan besite te servearjen en Hindrik mei it graach.

Doe’t lêstendeis de Noarske buorlju by ús op besite wiene, hie de frou eigenmakke kerselikeur mei. Dat haw ik noch net makke, mar it smakke bêst. Ik haw al geregeld Noaren sjoen dy’t wol hiel graach in slokje mochten. Yn Noarwegen is de drank net te beteljen, dat miskien drinke se hjir wol mear as yn eigen lân.

En dan de tún. Ik tink wolris dat ik in ‘biergarten’, biertún, haw, sa’t de Dútsers in terras by in restaurant neame. Want om de slakken út ’e tiid te helpen haw ik bierfallen útset. It wurket as in tierelier! En wat in moaie dea moatte se hawwe! Se wurde smoar, falle yn it bier en fersûpe! Dat is better as trochknipt wurde. In protte Sweden dy’t ik ken, dogge moarns betiid in rûntsje troch de tún mei in skjirre.

Ik rin moarns betiid geregeld mei in pear blikken bier yn ’e grientetún om. Dan tink ik fansels wer efkes oan ús tsjerke, dêr’t hast elkenien fan de blauwe knoop is… Is is hiel stil bûten. Ik sjoch om my hinne en as it treft binne der in pear haskes of wat oare bisten fierderop. Leafst net yn ’e tún fansels, want ik wol de grienten graach sels opite. Dan rûk ik in fleuchje bier, wat my oan in foarich libben tinke lit, mei de Skammel yn Burgum, doarpsfeesten en skûtsjesilen. De lucht fan it âlde bier yn de fallen lit my tinke oan de lucht fan de flierren yn feesttinten lykas op de Feanhoop. En dan wit ik net oft ik it mis of dat ik it no folle better haw. Ja, ik wit it wol. Dochs dat lêste.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
augustus 6, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.