Salman Rushdie delstutsen by lêzing yn Amearika

augustus 12, 2022 18:12
Salman Rushdie (foto: Wikipedia / David Shankbone, Creative Commons)

Skriuwer Salman Rushdie is ferwûne rekke krekt foar’t er in lêzing hâlde soe yn it East-Amerikaanske stedsje Chautauqua. Rushdie stie op it poadium en waard slein en ferskate kearen mei in mes yn ‘e nekke stutsen. Rushdie leit yn it sikehûs. Hoe’t er deroan ta is, is net bekend. In oare sprekker dy’t mei Rushdie op ‘e planken stie, is ek ferwûne rekke.

Rushdie wie al in bekende Yndiaaske skriuwer, doe’t er yn 1989 moannen rûnom oer de wrâld yn it nijs wie, om’t de geastlik lieder fan Iran, ajatolle Gomeiny, moslims oproppen hie om Rushdie te deadzjen. Iran sette in priis fan trije miljoen dollar op Rushdie syn holle. De oanlieding wie dat Rushdie syn boek Satanic Verses (yn Nederlân útjûn as De duivelsverzen) him net noaske. Yn it boek wurdt boarte mei ferhalen út de Koran en neffens Gomeiny koe dat der net op troch. Rushie hat dêrnei mear as tsien jier ûnderdûkt sitten. Der hawwe ferskate oanslaggen op syn libben west en hy kriget noch altyd plysjebeskerming. Rushdie wennet yn Amearika.

De plysje hat in man fêstnommen dy’t fertocht wurdt fan de oanfal.

augustus 12, 2022 18:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.