Rugbyspilers komme Frysk Museum te help

augustus 3, 2022 16:06

It Frysk Museum riedt de tentoanstelling ‘Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden’: ta. Studinten fan ROC Friese Poort yn Snits hawwe dêr in enoarm grut wapenreau, in kattepûl, foar makke (Learlingen Friese Poort Snits bouwe midsiuwske kattepûl | It Nijs). Omdat de grutste balken dêrfan, seis meter en 150 kilo, net yn de lift pasten moasten dy nei boppen droegen wurde. Dat karwei is opknapt troch leden fan Rugbyclub Greate Pier en Damesrugby Greate Tryn. Dy tilden de ûnderdielen twa ferdjippingen omheech.

Foto Marchje Andringa

Archeologyske kolleksje midiuwske foarwerpen
De eksposysje rint fan 10 septimber oant en mei 7 maaie 2023. Dan is te sjen hoe’t de wittenskip tsjintwurdich oansjocht tsjin libjen en wurkjen yn it noarden fan de folle en lette midsiuwen. Fryslân wie doe in stik grutter as no. It waard yn it easten begrinze troch de Dútske rivier de Wezer. Oars as yn oare lannen bestjoerden de Friezen harsels. Se keazen harren eigen rjochters, hiene in eigen taal en in eigen karakteristike klaaiïng. Mei de rike archeologyske kolleksje midsiuwske foarwerpen fan it Frysk Museum en brûklienen út binnen- en bûtenlân, lit it museum it eigensinnige Tota Frisia fan tusken 1067-1567 dat der net mear is, wer efkes libje.

augustus 3, 2022 16:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen augustus 4, 12:09

    Net wer ôfwachtsje oft it FM ús taal der ek yn behelje wol, mar fuortynienen in yntsinbringer stjoere. Oars krije we wer geëamel efternei. Wa wol de teksten oersette? Hjir is al íen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.